Weppers tiisdei 26-8

Weppers moandei 25-8
24 augustus 2008
Weppers woansdei 27-8
26 augustus 2008

SDS 1 oefent tsjin De Wâlde
De opstelling fan SDS foar jûn sjocht der sa út:
Jaap
Tsjeard                  Henk
Jacob Klaas
 Mark
Tsjipke         Harm
Arnoud Arjan Tsjalling
:Dirk,Anne Erik,  Skelte
Geblesseerd: Hendrik, Robert,
Met 2e trainen vanavond: Feiko, Redmer en Syb!
Afwezig: Marten, Dirk-Yde, Jelmer, Jildert
We fertrekke om 18.00 oere fanôf it parkeerterrein. De wedstryd sil rûn 19.00 oere begjinne. 
groet
Dick

De Politie vraagt uw aandacht voor het volgende….
Dat is in bekinde sin dy’t wij sa no en dan heare at de plysje help freget fan de boargers.
De lieders fan SDS 3 meitsje hjir no ek gebrûk fan:

De leiders van SDS 3 vragen uw aandacht voor het volgende: op maandag 18, donderdag 12 en donderdag 5 augustus jongstleden is meerdere malen contact proberen te maken met Paul de Boer uit Wommels. Op deze telefoontjes is tot op de dag van vandaag nog niet gereageerd. De leiders van SDS 3 maken zich dan ook ernstig zorgen over de gezondheidstoestand van eerdergenoemde.  Wanneer u enige aanwijzing heeft die ons verder kan helpen op de zoektocht wilt u dan contact opnemen met de plaatselijke leiders. Op telefoon nr. 0628068051,

Twadde bekerwedstryd fan de famkes
Ôfrûne sneon moasten we thús tsjin Easterlittens. Dit is de ienige ploech die yn de selde klasse as ús spilet, de oare 2 spylje beide heger en dat yn’e 4e klas. We ha wol better spile as de oare kear, mar it skeelt jammer genôch net folle. Sy seagen de romte sa no en dan, en sloegen dan metien ta! De stân wie 0-4 foar de tsjinparty. We hearden oan beide kanten fan it fjild wat minsken razen, foar ús dwaan hiene we in soad publyk. Dat wie klasse! Oare wike Bolswardia, hopelyk binne der wer sa folle taskôgers.
Tryntsje

Bewarnûmer
De hiele simmer binne wy al dwaande om it bewarnûmer fan de Treffer foarmekoar te krijen. Om ’t it spitich genôch dreech is om û.o. oan leiders en trainers by de jeugd te kommen is it bewarnûmer noch altiten net kompleet. Wannear ’t alles foarmekoar is dan komt de Treffer út.

SDS A 1 oefent
Donderdag 28 augustus oefenwedstrijd:
SDS A1 – Sneek Wit Zwart A2
Aanvang 18.45 uur, in de box 18.00 (18.15)
Scheidsrechter: Enne Johannes Bruinsma

Ja…nee…ja
Wij krije fan Jacob Plantinga it dochs wol ferrassende berjocht dat Harm Auke Dijkstra dochs mei giet nei Skylge. Neffens Jacob is de feroaring ta stân kommen nei inkelde goeie petearen, wêr”t lichte drigende eleminten yn sieten. Ek it affisje hat syn wurk dien.

Goed argumint
Sa’t jim hjir boppe sjen kinne is alles noch goed kommen mei Harm Auke. Wij wolle ús gewoanwei net bemuoie mei sokke interne feteranesaken mar woene dizze kear dochs in bijdrage leverje om Harm Auke oer de streep te lûken. Wij wiene der ek dan ek wis fan dat hij him nei it lêzen fan dit artikel wol oanmelden hie.
 

Programma dizze wike
Om in goed byld te krijen fan dizze wike, kinne jim
hjir sjen. Wat opfalt is dat it futsal ek al wer begjint.

Net hielendal wekker
Ien fan de webmasters wie sneon, foar de wedstryd fan SDS 2 tsjin Bolswardia, net hielendal wekker, mar wat wol je ek nei 3 oerkes sliep y.f.m. nachttsjinst. De oanfierder wie troch in net te ferklaren oarsaak ek net hielendal wekker. Hy die earst de skoech oan syn linkerfoet sûnder dat der in sok oer de skeenbeskermer siet. Foutsje kin gebeure tinke je dan….. Mar by de rjochterfoet hie der de sok wol oan mar wie der de skeenbeskermer ferjitten!!! Ach ja, dat krije as je je foar tolven al omklaaie moatte. Dat wurdt dit seizoen noch wat mei de thúswedstriden fan SDS 2 om 12.15……….

Op de fyts

Skrik net dizze wike. Erik Haitsma sil dizze wike wol hiel wat kilometers meitsje op syn nije fytske. Henk Bootsma wie snein yn Bitgum en makke dizze foto fan in yn gelokkige Erik en maten.

Jelle op tv
Jelle de Boer (SDS 5) is opsichter bij Natoermonuminten. Hij wie justerjûn foar Omrop Fryslân. Wa’t it mist hat en dochs graach sjen wol, sjoch
hjir