Weppers moandei 25-11-2019

Sneon 23-11-2019
22 november 2019
Weppers woansdei 27-11-2019
27 november 2019

Lotting 2e bekerronde

Fannemiddei wie de lotting fan de beker. SDS 1 komt yn de 2e ronde fan de beker út tsjin sneins 2e-Klasser LAC Frisia 1. De wedstriid wurdt ferpile yn Ljouwert. Dit sil wêze op 10, 11 of 12 desimber. de tiid is noch net bekend.

Trainers-leidersgearkomst woansdei 27 novimber

Hoe wurdt in Mulder in Mourinho? Of in Hiemstra in Hiddink? Of in Wiersma in Wiegman?
Kom foar dat antwurd nei de trainers-liedergearkomst!
Woansdei 27 novimber om 19.30!
Abe de Boer nimt us, yn in ynlieding mei yn de wrald fan pillonen, fjildferdieling, strakke planning en mear!
Fierder sille we mei elkoar sjen hoe we mekoar understeune kinne, hoe we tot lykwichtige teams komme en sjogge we fêst foarút nei de foarjierskompetysje!

Woonvaria sjurtstiper SDS 4

Colors@Home, Woonvaria fan Johan en Joke Delfsma hat SDS knap yn de klean setten mei sawol harren namme op it sjurt as prachtige frije-tiidssjurts. Hjir binne wy tige wiis mei!

Clarence Sluiertrofee

De froulju fan SDS Vr.1 wûnen sneon knap mei 4-0 fan Scharnegoutum Vr.1, mar dizze útslach hie wol wat heger útfalle kinnen. Sy misten namelijk twa penaltys. Sawol Jildou Sweering as Femke Terpstra slaggen der net yn om de penalty tsjin de touen te skoppen. Mar it levert wol in plakje op yn it Clarence-Sluierklassemint.

Noflik

It wie sneon noflik yn de kantine. Wat wolle je ek as sawol SDS Vr.1 as SDS 1 en 2 wûn hawwe? Mei tank oan it barpersoniel Karin, Wilma en Imke en DJ Jan-Bouke koe de middei hielendal net mear stikken.

OFK

Sawol SDS 1 as Vr.1 dogge begjin 2020 wer mei oan it jierlijkse OFK yn Frjentsjer. Ofrûne freed wie de lotting. SDS Vr.1 hat op ‘e nij dreech lotten. Sy sitte yn poule D2 mei:
fc Wolvega
cvv Oranje Nassau
sc Stiens
Leeuwarder Zwaluwen
AS Exstudiantes
De mannen fan SDS 1 sitte yn poule H14 mei:
vv Workum zaal
’t Fean ’58
sc Franeker
AS Exstudiantes
VCR

Lokwinske!

Juster wie de trainer fan SDS 2, Okke van der Kamp, jierdei. Noch fan herte lokwinske!
De SDS-supporters dy ’t sneontemoarns harren bakje kofje altiten yn de kantine drinke waarden sneon ferrast mei gebak troch Okke. Wy binne benijd wa ’t kommende sneon it gebak meinimme sil!

Mei syn allen nei sc Heerenveen!

Jim kinne noch altiten foar €10,- kommende freed nei sc Heerenveen- Vitesse. De wedstriid begjint om 20.00 oere. Klik hjir om je ek oan te melden. Neidat je je registreard hawwe kinne je op ‘e nij ynlogge om de kaarten te keapjen.

SDS-League

Woansdeitejûn rûn in oer as 18.53 oere hinne kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League wer ferwachtsje.

Harsens derby (2182)

Sa kin it ek!