Weppers woansdei 27-11-2019

Weppers moandei 25-11-2019
25 november 2019
SDS-League: ‘FC Ballie’ pakt de wykpriis!
27 november 2019

Douwe Posthuma ek folgend jier trainer SDS 1 mei Robert en Jappie as assistenten

It bestjoer fan SDS is der tige wiis mei dat Douwe Posthuma ek folgend seizoen wer trainer wêze sil fan SDS 1. Beide assistenten Robert Hoekstra en Jappie Wijnia hawwe oanjûn folgend seizoen wer as assistenten fan Douwe fungere te wollen. Ek hjir binne wy tige wiis mei!

Hennie Roubos ek folgend jier fersoarger by SDS

It bestjoer is der ek tige wiis mei dat Hennie Roubos ek folgend jier wer yn funksje wêze sil by SDS as fersoarger. Dizze wike sil hy syn nije fersoargershokje klear meitsje om folledich yn gebrûk te nimmen. Wy hoopje hjirmei ek dat mear blessearde spilers gebrûk meitsjen gean fan Hennie as fersoarger.

Stân fan saken

De SDS teams presteare dit jier gemiddeld at wij nei de ranglisten sjogge. Jim kinne it hjir sjen

Lange broek

SDS 1 prestearde de lêste twa wiken yn de beker en kompetysje goed. Der wurdt dan fansels socht nei in oorsaak.  Ek it bijleauwen spilet dêryn in rol. Der wurdt grute dat der no in fersyk bij de foarsitter leit om ek de folgjende wedstriid yn de lange broek oan de kant te stean, want opfallende taskôgers sjogge dêryn de mooglikheden om ek in folgjende wedstriid goed te prestearjen en de punten te pakken. It is al goed gien mei twa kear lang……

Seal

Jûn om 21.00 oere yn sporthal de Greidhoeke spilet SDS seal tsjin ZVF 1.

Ea earder bekere tsjin LAC Frisia?

Om woansdei 11 desimber om 19.30 oere moat SDS 1 yn Ljouwert bekerje tsjin LAC Frisia 1. Neffens hearen en sizzen hat SDS 1 yn in fier ferline ek ris bekere tsjin LAC Frisia. Wa wit hjir mear fan? Graach in mailtsje nei info@vv-sds.nl!

Kantine

De kantine is tongersdeitejûn nei 20.30 oere wer iepen! Sjoerd de Boer fan de JO19-1 sil jim foar it earst foarsjen fan in hapke en in snapke yn de kantine. Dêrneist is der fêst fuotbaljen op it skerm.

Ut de âlde doaze


Wij krigen fia Jan Hiemstra fan Frjentsjer, earder fan Easterein, in oantal prachtige swartwyt foto’s út de goeie âlde tiid.  Dizze foto komt út 1958-1959. Foar de measten fêst net folle bekende gesichten dus sette wij tanksij Jan syn ûnthâld de nammen der fuort mar efkes bij.

stean fan links nei rjochts:

Minne Riegstra, Willem Agema de keeper (kaam út Lytsewierrum, it dykpleatske op ‘e hoeke, Jentje Zijlstra (kaam út Itens), Jappie Groustra, Krik de Bruin, Marten de Boer

sittend fan links nei rjochts:

Gelf Eringa, Pieter van der Valk, Hielke Vollema (ien fan de bêste middenfoars dy ’t SDS oait hân hat), Thom de Bruin, Reitze van der Valk

De kommende wiken noch in oantal pronkjes….

SDS-League

Jûn rûn in oer as 18.53 oere hinne kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League wer ferwachtsje.

Harsens derby (2183)

‘Tikkie werom, Jaap!’