Weppers moandei 22-11-2021

Sneon 20-6-2021
19 november 2021
SWZ Sneek 1 wint flatteard mei 4-1 fan SDS 1 en pakt de perioadetitel
23 november 2021

Douwe Posthuma stoppet nei dit seizoen

De trainer fan SDS 1 , Douwe Posthuma, hat it bestjoer fan SDS en de spilersgroep witte litten dat hy nei dit seizoen stoppet as trainer by SDS 1. Douwe hat dan 4 seizoenen trainer west by SDS.

Gjin SDS-ledengearkomst

Y.f.m. de Koronamaatrigels hat it bestjoer fan SDS besletten om de ledengearkomst fan kommende woansdei net trochgean te litten. Yn de maaitiid wurdt sjoen wannear der hjir al in geskikt momint foar is.

SDS 2 op foto

Dêr wie dy dan. De ienige echte SDS 2 alvetalfoto 2021-2022. Henk Bootsma wie sneontemiddei de fotograaf.

Leech

De oars altyd útferkochte Bunnikside wie sneon akelich leech…

Mear foto’s

Henk Bootsma hat sneon hiel wat plaatsjes sjitten by SDS 2 – vv Rijperkerk 2. Jim kinne se hjir allegear fine op syn Facebookside.

Klaas

Klaas de Haan en Jan Los ûnderweis nei in plakje neist de dugout

“Hee, Klaas de Haan flagget net”, dat wie it earste wat opfoel at je it sportpark opkamen.
Klaas is hielendal ferweven mei de flagge fan SDS 2.
In blessure oprûn yn de lêste trije minuten fan de eardere wedstriid, wie noch net oer.
De waarming-up wiisde dat út.
Enne Johannes wie ree om it kluske oer te nimmen.

SDS 1 hellet tiisidei yn

Tiisdeitejûn om 19.30 oere spilet SDS 1 de ynhelwedstriid tsjin Sneek WitZwart 1 oan de Molenkrite yn Snits. Earder waard de wedstriid ôflast fanwege koroana.

SDS-klean foar de helte fan de priis

By Douwe-Dirk Reitsma kinne jim noch altiten SDS-klean foar de helte fan de priis krije. Op=op! Sjoch hjir. Krekt wat foar Sinteklaas tochten wy sa.

Lokwinske!

Hendrik Engbrenghof fan SDS 3 is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2327)

En dat is twa kear Bingo………….