Weppers moandei 22-10

Sneon 20-10-2018
20 oktober 2018
SDS-League: ‘Better Call Thorsby’ pakt wykpriis!
23 oktober 2018

Gekondoleard

Snein is Akke van der Kamp-Heeringa, de frou fan de trainer fan SDS 2, Okke van der Kamp, ferstoarn. Tongersdei is der in tanktsjinst om 14.00 oere yn de Ankertsjerke yn Aldegea SWF om 14.00 oere. Foar de tsjinst is der in mooglikheid ta kondolearjen en woansdeitejûn fan 19.30-20.30 yn it Beaken, Hagenadyk te Aldegea. Wy winskje Okke en de rest fan de familie en neisten in soad sterkte ta mei dit ferlies.

SDS 1 – Scharnegoutum 1

Kommende sneon hawwe wy wer in derby yn Easterein. Yn plak fan de derby tsjin Nijlân, dy’t foarich seizoen kampioen wurden is, hawwe wy sit seizoen de derby tsjin Scharnegoutum, dy’t krekt promovere binne. Dizze derby tusken de beide klups is yn jierren net ferspile. Neffens ús ynformaasje waard dizze foar it lêst ferspile yn it seizoen ’90-’91 yn de FVB 1A. SDS ferlear doe op 3 novimber 1990 thús fan Scharnegoutum mei 2-1. It doelpunt fan SDS waard makke troch Jappie Wijnia en dy fan Scharnegoutum wienen fan Gerrit Zwerver en in ûnbekende spiler. De weromwedstriid wie op sneon 16 maart 1991. Dy wûn SDS yn Skearnegoutum mei 4-3 troch twa goals fan Wichard Deinum, in eigen goal en ien fan Rients Smeding. Foar Scharnegoutum skoorden Fedde Kingma(2x) en Jaap Kappers. SDS waard dat seizoen 6e en Scharnegoutum nûmer lêst. Jappie Wijnia waard dat seizoen topskoorder mei 24 goals. Ien fan de spilers dy ’t doe ek yn de seleksje fan SDS siet is de hjoeddeistige trainer fan Scharnegoutum, Remco Bervoets.
(Bron: Voetbalnoord)

SDS 1 – Scharnegoutum 1 (2)

Hawwe jim nijtsjes of nijsgjirrichheden oer de derby fan kommende sneon, mail se dan nei info@vv-sds.nl!

De nije Treffer

Wy binne alwer drok dwaande mei de nije Treffer. As je noch wat hawwe foar de nije Treffer dan soenen wy dat graach dizze wike krije. Mail it nei DeTreffer@vv-sds.nl.

SDS-Look-a-likes

Foar de nije Treffer binne wy ek noch op syk nei SDS-Look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!
Sjoch hjir foar wat foarbylden.

Afbeeldingsresultaat voor douwe posthuma simeone

OFK

Begjin jannewaris fynt wer it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbal plak yn sporthal De Trije yn Frjentsjer. SDS sil der sawisa wer hinne mei in frouljus- en in manljusteam.

De nije SDS-League

Der wie ôfrûne wykein wer fuotbaljen yn de Eredivisie dus komt der ek wer in nije stân fan de SDS-League. Wy hoopje de nijste stân moarn klear te hawwen!

Kantinefrijwilligers socht

Liket it jo ek wolris leuk om mei ien op in sneontemoarn of sneontemiddei ris in kear yn de kantine efter de bar te stean, lit it ús dan witte en mail nei info@vv-sds.nl of stjit ien fan it bestjoer oan.

Harsens derby (2064)

Altiten moai om te sjen dat der safolle SDS-supporters binne by útwedstriden fan SDS 1, lykas ôfrûne sneon yn Aldehaske.

 

 

Letter mear!