Sneon 20-10-2018

Weppers freed 19-10-2018
19 oktober 2018
Weppers moandei 22-10
22 oktober 2018

Hjoed mar in lyts beker- en ynhelprogramma. Allinnich SDS mei foar de kompetysje nei Oudehaske.

Fannemiddei is der gjin programma yn Easterein. De kantine is dan net iepen.

09:45 SDS MO17-1 GAVC MO17-1 2-1
09:45 SDS MO13-1 Black Boys MO13-1 2-1
10:15 Oeverzwaluwen JO11-2 SDS JO11-2
10:00 Black Boys JO15-1G ST SDS/Nijland JO15-3 5-0
12:00 FVC JO15-2 ST SDS/Nijland JO15-1 3-4
14:30 Oudehaske 1 SDS 1 2-1
14:30 ONT 2 SDS 2 oefen

SDS 1 ûnderút yn De Haske

Op it 12 jier âlde keunstgersfjild fan Oudehaske koe SDS mar net yn syn spul komme. Oudehaske spile fysiek en it slagge SDS mar dreech om in goeie oanfa op de matte te setten. De earste de beste goeie oanfal fan Oudehaske wie ferfolgens lyk rekke. Op ‘e nij stie SDS mei 7 minuten al mei 1-0 efter. Beide ploegen makken der net in heechsteande pot fan. De earste de beste goeie kans foar SDS wie wol lyk rekke. In foarset sjitte hy knap binnen mei syn rjochter foet rûn de 25e minút. Yn de twadde helte wie it fuotbal fan SDS better as yn de earste helte en dat rissulteare yn in (terjocht) ôfkeurde goal fan Jacob-Klaas (bûtenspul) en in knappe kans foar Wiebe Heeres. SDS wie efkes better en like op wei nei de 2-1. Dit rûn efkes oars, want lyk hjirnei makke Oudehaske de 2-1 nei wat foutsjes by SDS efteryn. Hjirnei probeare SDS noch wol om te skoren, mar útspile kansen levere dit net mear op. In terjochte ferliespartij al hie der wol in puntsje ynsitten.
Fannewike mar fol oan de bak op trainen om sa flink op te laden foar de derby thús tsjin vv Scharnegoutum nije wike!

SDS 2 wint de oefenwedstriid tsjin ONT 2

SDS 2 hat syn oefenwedstriid tsjin ONT 2 yn De Pein mei 4-3 wûn wylst sy mei 3-1 efter stienen. Wy binne dan ek wol benijd nei it ferslach.

SDS JO19-1 spilet knap yn Dokkum

SDS JO19-1 hat sneon oefene tsjin 4e-Divisionist Be Quick Dokkum. It gie hielendal net sa gek al waard der mei 5-1 ferlern. De moaiste goal fan de wedstriid wie fan Steven van der Pol. Fanôf de 16-meter skeat hy de bal yn de krúzing.

Efkes Balje

De hesjes binne ferdield en mei 12 man soe dit best wolris in moai potsje wurde kinne. It ljocht, it fjild, it waar, it sin, der mankearret neat oan.
De 6 mei in oranje hesje oan binne bijelkoar en de 6 sûnder hesje ek. Alteast dat is de bedoeling.
De 6 mei hesje dogge it sûnder taktysk plan en opstelling mar witte it mei ynsicht aardich fan elkoar oer te nimmen en binne in echt seismansteam.
Yn de praktyk moatte sij tsjin twa teams fuotbalje. Tsjin de 5 dy’t hieltyd in mantsje tekoart komme en tsjin dy iene dy’t hieltyd 5 mantsjes tekoart komt.
Team oranje hesje komt gau op foarsprong, skrikt net fan de fantastyske dûbelteller fan ploechje 5 en ploechje 1 dy’t doe noch besochten gear te wurkjen.
Mar wat langer it duorret wat mear bliken docht dat de oranjehesjesploech dit winnen giet. Ploech 5 wurdt ploech frusti en ynsketten ballen moasten fan hein en fier helle wurde en de doelen moasten ferankere wurde om foar te kommen dat dy as fleanende pannen nei de felskinende heale moanne smiten waarden.
De iensume soldaat fan ploech 1 krige noch mear it gefoel dat hij it allinne dwaan moast.
Ek de finale fan twa doelpunten út (en net twa doelpunten ferskil HK) waard in proai foar de hesjes. De twa doelpunten yllustrearden de jûn: Ploech frusti makke in eigen doelpunt en de iensume soldaat makket hands op de doelline….
Spesjaal foar de iensume strider skreau Jaap Fischer yn de foarige ieu dizze tekst.
Team oranje: Wouter, Syb, Folkert Rients, Johan, Menno en Aant
Team frusti en team Jan Soldaat: Bertus, Frank, Wybren, Theo, Klaas en Harrie