SDS-League: Tsjalling Sikma’s ‘FC Dronrijp’ pakt de titel!
19 mei 2026Sneon 23-5-2026
22 mei 2026Mulier 2 – SDS 3
SDS 3 hat justerjûn de lêste wedstriid fan it seizoen balle. Sy mochten út nei Wytmarsum om te baljen tsjin Mulier 2. Mulier woe graach winne om de kopposysje oernimme te kinnen fan Balk 4 mei noch ien wedstriid te spyljen. En dat is Mulier slagge. Sy wûnen mei 2-1 en kinne sneon kampioen wurde thús tsjin Hielpen 2.
Wy sjogge noch út nei de doelpuntenmakker fan SDS 4.
Toppers sneon
No ’t SDS 1 sneon net hoecht kinne je ris efkes ergens oars sjen. Yn de 4e-Klasse en de 5e-Klasse is de kompetysje dan wol dien, mar yn de Klassen der boppe spylje sy sneon harren lêste wedstriid. Wy gienen it efkes by del en kamen by dizze toppers út:
2e-Klasse I:
Zeerobben 1 – Workum 1
As Workum wint dan binne se kampioen. Dat sil noch in toer wurde, want Zeerobben kin noch in perioade winne. De wedstriid begjint om 15.00 oere.
Sc Bolsward 1 – Sneek Wit/Zwart 1
As Workum ferliest en Sneek Wit/Zwart wint dan binne de Snitsers kampioen. Mocht Workum lykspylje dan moat Sneek yn elts gefal mei 3 goals ferskil winne om kampioen te wurden. Ek dizze wedstriid begjint fansels om 15.00 oere.
3e-Klasse P:
De titelkandidaten yn dizze Klasse CVVO en IJVC moatte beide in ein fuort. IJVC moat nei Swift ’64 yn de polder en CVVO nei VHK yn Sint-Jansklooster.
AVC moat út nei Balk. CVVO hat de beste papieren, mar stiet mar ien puntsje foar op AVC en IJVC. It doelsaldo fan de Lemsters is wol fierwei it bêst. Dat fan AVC en IJVC is hast gelyk (1 goal yn it foardiel fan AVC. It kin dus alle kanten op.
Underyn is it ek hiel spannend. Wolvega en Sint-Annaparochie hawwe beide 25 punten en sc Berlikum en vv Nijland elk 23 punten. En jim leauwe it hast net, mar om 14.30 oere steane op it programma:
Sint-Annaparochie – Nijland
sc Berlikum – FC Wolvega
SDS JO8-2 ûnderút
De JO8-2 liket al mei de gedachten by de simmerstop te wêzen. De lêste wedstriid wie ek alwer in moanne werom. Sûnder wedstriidritme ferlearen sy woansdeitejûn thús mei 0-7 fan sc Bolsward JO8-2.
De stepalvestêdentocht
It docht bliken dat der aardich wat (âld)SDS’ers sneon meidwaan sille oan de stepalvestêdentocht. Dus graach allegear oan de kant fan de dyk om û.o. Kees Sandstra, Allert Turksma, Wessel Wijnja, Sietze Stoffelsma, Jildert van der Werf, Pieter Bouma, Marten Faber en Wytze Fopma nei de finisj te balten. Mochten jim se net treffe dan hawwe jim by guon moandei noch in kans…….
It is de bedoeling dat yn elts gefal Allert, Wessel, Jildert en Wytze moandei de alvestêdentocht namelijk ek noch fytse sille. Jildert fytst moandei sels foar de 25e kear.
Goaltsjes Wommels
SDS hat der foar soarge dat der wer nije goalstjes mei kreaze netten yn Wommels op it skopfjild stean.

WPB 4 – SDS 4
Sneon meie Waterpoort Boys 4 en SDS 4 yn Snits noch foar de kompetysje balje. De wedstriid begjint om 14.00 oere.
Dizze wedstriid stie 20 septimber al op it programma, mar koe mei troch de bekeraventoeren fan WPB mar nea ynhelle wurde.
De Snitsers steane 5e, mar it ferskil mei de koprinner Heeg is mar 3 puntsjes en WPB hat 2 wedstriden minder.
WPB stiet ek noch yn de finale fan de beker.
SDS 4 stiet 10e en hat net folle te winnen mear dit seizoen.
Seleksje: komt der oan.
De nije Treffer
De folgende Treffer is alwer de lêste Treffer fan it seizoen.
No soe it moai wêze as wy fan elk team in seizoensferslagje krije foar yn de ein-Treffer.
Jim meie jim ferslaggen maile nei DeTreffer@vv-sds.nl
Lit graach foar 25 maaie witte as jim fan doel binne om in stikje te skriuwen.
De SDS-WK-League
Wy sitte der swier oan te tinken om de SDS-WK-League dit kear te dwaan mei help fan Scorito.com. Om namelijk sels alle ynfulde listen yn te fieren yn de kompjoeter is monnikenwurk.
Mochten jim in better idee hawwe lit it dan Aant of Willem efkes witte.

Prizenjild SDS-League
As alles mei sit dan sil de ponghâlder fan SDS, Lourens van der Pol, moarn it prizenjild fan de twadde helte fan de SDS-League oermeitsje en it dielnimmersjild ynkasseare.
Harsens derby (2388)
Ho…….
That is the worst miss you will ever see on a football pitch pic.twitter.com/41leX50dlM
— Dirty Footballer 👊 (@DirtyFootbaIIer) March 27, 2026


