Weppers moandei 21-9-2020

Sneon 19-9-2020
18 september 2020
Weppers freed 25-9-2020
25 september 2020

Pupillen fan de wike


De bruorren Steffen en Jerryd Schram wienen sneon de pupillen fan de wike en woenen graach mei Peter Hoogerwerf op de foto.

Fit!

Nei in swiere knibbelblessure koe Lysanne Wiersma ôfrûne sneon eindelijk wer balje. Super!

Ek wer fit!

By SDS 3 wie Bote Strikwerda der wer nei oardel jier lyn syn achillspees ôfskuord te hawwen. Super!

Top!

Om ’t in soad skiedsrjochters fan SDS op de Freule aktyf wienen wie it sneon allegear wat krap mei skiedsrjochters by SDS. It wie dan ek super dat Sipke Hiemstra spesjaal earder fan fakansje kaam om SDS 5 te fluitsjen.

Ut de LC

Op de foto

De froulju fan SDS Vr.1 binne as earste op de foto kaam en dy kinne jim hjir no allegear fine. Ynkoarten komme ek de foto’s fan SDS 1, 3 en 5 hjir op de webside. Dan moatte SDS 2, 4 en sa sneon mar op de foto.

De groetnis fan Kees!

Kees Jansen wie sneon efkes te sjen by SDS 1 – Workum 1. By beide klups hat hy trainer west.It giet goed mei him en docht jim hjirby allegear de groetnis.
Kwiswepperkes – SDS
In foto út de âlde doaze…….

Grutte man

SDS 4 ferlear sneon fan Leeuwarder Zwaluwen mei 4-2. Grutte man by de Ljouwerters wie âld-SDS’er Ayanle Barkat. Hy makke mar leafst 4 goals.

SDS supporter en waarman

Ferline wike in moai artikel yn it Frysk Deibled oer SDS supporter Rients Smit. Sjoch hjir.

Net mei de bus………..

Kommende sneon moat SDS 1 út tsjin Willemsoord 1. Normaal sprutsen in buswedstriid, mar y.f.m. de Korona is besletten om dit kear mar ‘gewoan’ mei eigen ferfier dy kant op te gean.

Dy kin yn it hok stean bliuwe…………

Harsens derby (2255)

Ho!