Weppers freed 25-9-2020

Weppers moandei 21-9-2020
21 september 2020
Sneon 26-9-2020
25 september 2020

De Grote Clubactie 2020

Ek dit jier dogge wy as klup wer mei oan ‘De Grote Clubactie’. Dat betsjut dat elk senioarenlid (fanôf JO-17/MO-17) twa lotten krijt. Dizze kinne jim ferkeapje as sels behâlde foar €3 it stik. Fansels bin der ek dit jier wer leuke prizen te winnen en dêrneist stypje jim SDS. De papieren lotten krije jim moarn of kommende wike fan jim lieder as trainer. It jild wat jim fertsjinje mei it ferkeapjen fan de lotten, mei jim sels hâlde. Dit jild wurdt lykas oare jierren mei de kontribusje fan ‘e 2e helte fan it seizoen ferrekene.
Sjoch hjirûnder nei de link om de papieren lotten ‘corona-proof’ te ferkeapjen.
https://www.clubactie.nl/wp-content/uploads/2020/08/Verantwoord-loten-verkopen-tijdens-de-Grote-Clubactie.pdf
Ha jim noch fragen? Lit it dan witte, mail nei: sekretaris@vv-sds.nl as belje/app nei 06-21467278.
Groetnis, Tryntsje
Skriuwster SDS

SDS VR1 – SJO Broekster Wâlden VR1

Om 12.15 yn Easterein nimt SDS VR1 it op tsjin in ploech út de Wâlden.
De seleksje: 1. Alissa, 2. Annemiek, 3. Elske, 4. Evie, 5. Femke, 6. Froukje, 7. Gerry Edou, 8. Hester, 9. Jildou, 10. Kirsten, 11. Marjo, 12. Marrit, 13. Petra, 14. Seriette

SDS 1 de grins oer

Krekt oer de grins mei Oerisel leit Willemsoord.  Dêr giet SDS 1 sneon hinne. Net mei de bus mar mei de auto en dan is it like fier. Beide teams hawwe noch gjin punten en dat sil om 16.30 oere seker oars wêze. Om 14.30 begjint it spektakel dêr.
12.30 aanwezig
12.45 vertrek
13.30 omkleden
13.45 bespreking
14.00 warming-up
De seleksje: 1 Jaap©️, 2 Luuk, 3 Erik, 4 Gerwin, 5 Remco, 6 Pieter, 7 Wiebe, 8 Teun, 9 Hendrik, 10 Matthijs, 11 Peter, 12 Jelte-Pieter, 13 Habtamu, 14 Stan

SDS 2 tsjin Workum 2

De falske kompetysjestart fan SDS 2 kin sneon rjocht setten wurde tsjin Workum 2.  SDS 2 spilet thús en mei de fêste supporters moat it slachje fanôf 14.30 oere.
De seleksje: Arjen, Bauke, Ewout, Frank, Jesse, Jort, Jurjen, Lieuwe, Mark, Niels, Robin, Sjoerd, Steven vd P. en Wesley.
13.15 oere der wêze, 14.30 oere spylje.

Makkum 3 – SDS 3

Om 14.30 oere nimt SDS 3 it op tsjin Makkum 3. Om 13.15 oere wurde dizze manlju yn de kantine ferwachte foar in bakkie;
Marten, Anne, Bote, Haye-Jan, Hendrik, Jelmer, Mark, Piter, Stefan, Watze-Jacob, Willem, Yward, Jacob-Klaas, Jildert en Sietze.
De manlju wurde by Makkum mei iepen earmen ûntfongen:

Spesjaal foar de ‘JK-Drive-In-sjo’?

SDS 4 – Lions ’66 2

SDS 4 mei it no thús opnimme tsjin al wer in ploech út de haadstêd. Lions 2 komt op besite. It begjin om 14.30 oere
De seleksje: Wifi, Michael, KB, Gerben, Aiso, Halbe, Jeffrey, Klaas, Bouke, Michiel, Tjeerd, Ronny en Syb (45min).

SDS 5 hat frij

Ouwe Syl is út de kompetysje stapt, dus dat betsjut dat SDS 5 sneon frij hat. Sjoen alle blessures nei de seizoensiepening fan ferline wike hawwe wy begrepen dat dat hielendal net sa min útkomt………

Sponserboerd De Smidse

Wy hawwe wer in nij sponserboerd by SDS! Kachelspesjaalsaak De Smidse út Snits hat in prachtich boerd sponsere. No ’t it stadich oan wat hjerstich wurdt liket it ús in prima plan om ris om in kacheltsje te sjen op www.desmidse.nl. Wy krije it al waarm as wy it sponserboerd sjogge!

KNVB en Korona

De KNVB komt no mei richtlinen oangeande gefallen fan de Korona by de klup. Jim kinne it hjir fine. Wat ús oanbelanget; tink altiten oan rigel 1; Bliuw thús by sûnensklachten! Hjir it stappenplan.

Harsens derby (2255)

Toet, toet!