Weppers moandei 20-5-2019

SDS JO19-1 kampioen!
19 mei 2019
SDS-League: ‘Brouwerpower’ wint 54e SDS-League!
20 mei 2019

Sneon SDS-slotfeest mei muzyk en barbecue

Kommende sneon 25 maaie spylje alle senioaren fan SDS harren lêste wedstriid fan it seizoen en is der foar de froulju in frouljusfuotbaltoernoai. Wy wolle dan lyk it seizoen feestelijk ôfslúte mei muzyk fan Sjouke van Kammen en in barbecue. De barbecue kostet 10 euries per persoan. Frijwilligers fan SDS meie fergees! Je kinne je hjir opjaan of fia je leider! Graach foar woansdei!

 

Slotjûn SDS- en Nijland-jeugd!

Kommende freed is der wer de jierlijkse slotdei fan de jeugd. Dit kear dogge SDS en vv Nijland dit tegeare yn Easterein. It is foar de fuotballers en fuotbalsters fan de MO13/JO13 oant de Minileague. Ek dit jier is der wer in fuotbaltoernoai, in fuotbalparkoers en fansels de befaamde penaltybokaal. En fansels limonade en patat! It begjint om 16.00 oere.
De jeugd kin harren hjir opjaan.

SDS siket frijwilligers

De measte leden hawwe dizze fraach ek fia de mail hân, mar oars hjir nochris:
Beste leden, ouders van leden en vrijwilligers,
Van onze leden en ouders van leden horen wij regelmatig dat zij wel iets voor onze club willen doen. Dat is natuurlijk prachtig want om onze club draaiende te houden is er altijd wel iets wat kan worden gedaan.
Om een beeld te krijgen waar jullie ons bij willen helpen hebben wij een enquête formulier samengesteld welke onder aan deze mail is toegevoegd. Hierin kun jij aangeven waarmee jij vv SDS volgend jaar wil gaan helpen. In het formulier zijn eenvoudige taken opgenomen die bijvoorbeeld een paar keer per jaar gedaan kunnen worden, maar ook er staan enkele structurele taken tussen. Staat er niet iets tussen wat binnen jou mogelijkheden ligt maar wil jij wel wat doen? Geef dit dan ook aan op het formulier.
Vriendelijk verzoek het formulier (klik hjir) zo snel mogelijk in te vullen, wij zijn namelijk alweer volop bezig om alle taken voor volgend seizoen in te vullen. Het lijkt ons in ieder geval ontzettend leuk om dan met jou te mogen samenwerken!
Alvast hartelijk dank voor jou reactie!
Met sportieve groet van het bestuur van vv SDS,
Willem, Anneke, Anco, Bauke, Marco, Syb, Henk en Jaap
En het jeugdbestuur,
Anneke, Lize, Marjo en Tjerk

Pupillen fan de wike

Ofrûne sneon waard SDS JO12-1 kampioen en middeis mochten 2 spilers fan harren ek noch pupillen fan de wike wêze by SDS 1 – DWP 1. Geert-Jan Diever en Noor van der Ende hawwe harren best fermakke. Sy kamen op de foto mei harren favoryt Gerwin Sijbesma.

Pupiltsje fan de wike

Skelte Anema kaam ferline wike wer by SDS baljen en fuotballe doe mei by SDS 3. Sneon kaam troch in blessure fan Jelmer Posthumus der in plakje frij foaryn by SDS 1 en mocht Skelte lyk syn rentree meitsje. Wytske sette him lyk efkes op de foto mei harren lytse protter Fenna.

SDS op ‘Kom nei Wommels’ op snein 26 maaie

Kommende snein 26 maaie stiet yn Wommels it jierlijkse ‘Kom nei Wommels’ op it programma. SDS is hjir ek fan de partij mei in soartefan fuotbalmuorre. Doarpsbelang Wommels hat der foar soarge dat dizze spesjale fuotbalmuorre op de Terp stiet. It giet namelijk om in saneamde ‘Sutu-voetbalmuur’. It âlderwetse muorkefuotbaljen wurdt hjirby kombinere mei it hjoeddeistige digitale tiidperk. It is in digitale fuotbalmuorre wêr ‘t je allerhande ferkillende spultsjes mei dwaan kinne. Robert Schildkamp sil tegeare mei wat spilers út de JO17 fan SDS sjen hoe of dit snein foarm jûn wurde kin. Fansels is elkenien wolkom om de fuotbalmuorre efkes te probearjen en mei te spyljen. Der binne fêst aardige spultsjes mei te dwaan. Kom snein allegear nei de Terp, sadat je meidwaan kinne. Sjoch foar mear ynformaasje op www.yalp.nl/sutu

Harsens derby (2133)

Sorry!