SDS-League: ‘Brouwerpower’ wint 54e SDS-League!

Weppers moandei 20-5-2019
20 mei 2019
Weppers woansdei 22-5-2019
22 mei 2019

De 54e SDS-League is wûn troch ‘Brouwerpower’ fan Jelmer Brouwer. Hy bliuwt ‘Beter Horen’ fan Frank Bervoets krekt ien puntsje foar. ‘Dirk’s Angels’ fan Dirk Stegenga is 3e wurden. ‘FC Underdog’ fan Anouk Delfsma is 4e wurden en ‘Op nei de Top’ fan Marten Faber 5e.

It winnende team fan ‘Brouwerpower’ seach der sa út:
Padt(GRO), Vlaar(AZ), Janssen(UTR), Karavaev(VIT), Peters(WII), El Khayati(ADO), Vlap(HEE), Namli(PEC), Tadic(AJA), Berghuis(FEY en De Jong(PSV).
De power fan dit team liket yn de foarhoede te sitten. Jelmer wie de ienige mei sawol Tadic, Berghuis en De Jong. Dêrby waarden Tadic en De Jong ek noch tegeare topskoorder fan de Eredivisie.

De lêste wykpriis fan it seizoen giet nei ‘Huts!’ fan Matthijs Postma. Hy pakte 65 punten en dat wienen der krekt 2 mear as kampioen ‘Brouwerpower’.

Underyn pakt Henk Postma mei ‘Henkie Cola’ op ‘e nij de poedelpriis. Hy die noch in eindsprint, mar kaam krekt tekoart.

Wy sjogge jim yn septimber graach wer mei de 55e SDS-League!

 

SDS League 2018-2019 twadde helte wike 13 eindstand