Weppers moandei 2-8

Weppers sneon 31-7
31 juli 2010
PC Wepper
2 augustus 2010

Sukses
It bestjoer fan SDS winsket de SDSers:
Dirk Yde Sjaarda, Erik Haitsma, Gerrit Flisijn, Jacob Klaas Haitsma, Feiko Broersma, Pytrik Hiemstra en Jelte Pieter Dijkstra op de PC in moai lot ta en woansdei  in protte sukses.

PC-kenner
Mei 7 SDS-ers op de PC is it miskien wer aardich om de titel PC kenner fan SDS wer tydlik yn te stellen. Jim kinne ús trochjaan hoefolle earsten de 7 PC keatsers woansdei helje. Maile kin nei
sds-nijs@home.nl

Seleksjes senioren
Tusken de frije dagen troch besykje wij sa no en dan de side wat klear te meitsjen foar 2010-2011. Spitich dat wij de seleksjes fan de senioren noch net folslein hawwe. Dêrtroch kin it best wêze dat sommige spilers noch ferkeard “yndield” steane.

Foarloapige yndieling jeugd
Yn juny wie der in foarloapige yndieling fan de jeugd. Dy hawwe wij pleatst. Dêr binne wol wat opmerkingen op kommen. Wij wachtsje no lykwols op de definitive yndieling.

Suarez twitters
Fansels sjogge wij sa regelmjittich ek op de twitter. Krekt nei de reade kaart fan Suarez reinde it bûten en reinde it op de laptop Suarez twitters. Hij waard ferflokt, hij waard bespot en hij waard ferdigene. Wij kinne ús wol fine yn de fraach: Suarez, een zegen of een vloek voor Ajax!

WK
Jûn wer it Wommelser Kampioenskip. It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

WK-Bootcamp

Op freed 6 augustus sille de mannen fan it Wommelser Kampioenskip op trainingskamp. Jim kinne der hjir alles oer lêze. Opjaan koe oan ’t 1 augustus fia de mail!

Harsens derby (263)
“Lit mar, de bal is efter………………”