Weppers moandei 19-11-2018

Sneon 17-11-2018
16 november 2018
Aginda SDS-ledengearkomst
19 november 2018

Woansdeitejûn SDS-ledengearkomst

Woansdeitejûn fanôf 20.00 oere is wer de jierlijkse SDS-ledengearkomst mei dit kear wat in oar programma as oars. Der is dy jûns gjin Champions-League-fuotbal, dus dêr hoefe je net om thús te bliuwen. Dêrneist hat Auke-Jetze de kofje brún en hat hy fêst ek wat lekkers by de kofje. Kom allegear!
U.o. de trainer fan SDS 1, Douwe Posthuma, komt in praatsje hâlden oer it fuotbaljen fan SDS 1 en Tjerk van der Pol sil wat útlizze oer de trainingsapp dy ’t by SDS brûkt wurdt troch de jeugdtrainers. Jûn komt hjir op de webside noch efkes de folledige aginda.

Woansdei AVC Vr.1 – SDS Vr.1

Fertrek woansdei 18:45 oere
Riders: Stefan, Lysanne, Elske en Seriette
Seleksje: Alissa, Marjo, Hester, Gerry, Richtsje, Seriette, Elske, Kirsten, Jeska, Sieta, Sietske, Marije en Femke.

Bekerwedstriid

De bekerwedstriid fan Leovardia 1 – SDS 1 is fêststeld op tiisdei  27 novimber om 20.00 oere.

OFK manlju en froulju

SDS sil ek wer meidwaan oan it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbal. Ofrûne freed wie de lotting.
De froulju fan SDS spylje yn de foarronde op 3 jannewaris yn in poule mei:
Bergum BCV 2
vv Friesche Boys Twijzel
Blauw-Wit ’34 seal
sc Franeker
Be Quick Dokkum

De manlju fan SDS spylje harren foarronde op 9 jannewaris yn in poule mei:
vv Bergum
vv Makkum
vv Kollum
Leekster Eagles
Puinhoop United
Sjoch hjir foar de hiele lotting.

Yn trainingspak op de foto

De froulju fan SDS vr.1 binne lêsten op de foto kommen. Sy steane der yn trainingspak op sûnder sponser om ’t sy noch op syk wienen nei in nije haadstiper. Dy is ynmiddels fûn. Letter dizze wike mear hjir oer.

Twitterberik

Der is in “ûndersyk” dien nei it instagram, facebook en twitterberik fan it amateurfuotbal yn Fryslân. Instagramme dogge wij net, Facebook sa no en dan en Twitter regelmjittich. Jim kinne ûnder dizze link de trije ranglisten fine. Twitter stiet ûnderoan en dêr fine jim ús op plak 66.

Stjerrejacht

25 doelpunten is ien stjêr en 100 doelpunten binne 4 stjerren. Wij seagen ús eigen Hendrik de Jong lang striden foar syn 4de stjêr. Yn dit prachtige oersicht kinne jim sjen hokker spilers ien of twa doelpunten fan in earste of in folgjende stêr binne.

Harsens derby (2075)

Knappe assist!