Sneon 17-11-2018

Weppers freed 16-11-2018
16 november 2018
Weppers moandei 19-11-2018
19 november 2018

It programma fan freedtejûn en sneon. Hawwe jim wat leuks te melden, doch dat dan op sds-nijs@home.nl en info@vv-sds.nl og whatapp nei 0655117582

19:30 GAVC VR2 SDS VR2 freed
20:00 SDS VR2 Warga VR1 0-3
20:30 Oosterlittens VR1 SDS VR2 2-0
08:45 SDS JO13-1 Workum JO13-2G 11-0
08:45 SDS JO11-1 S.C. Stiens JO11-2 5-2
09:30 SDS MO13-1 Workum MO13-1
10:00 ST SDS/Nijland JO15-2 Ouwe Syl JO15-1 4-2
10:00 SDS JO12-1 Annaparochie St. JO12-3
10:00 SDS Mini League
10:05 SDS MO17-1 SVO Sneek MO17-1 1-4
11:15 ST SDS/Nijland JO15-3 Oosterlittens JO15-2 3-4
12:00 ST SDS/Nijland JO19-1 Workum JO19-1 4-4
12:45 SDS JO17-2 GAVC JO17-3 4-2
14:30 SDS 1 Minnertsga 1 0-0
14:30 SDS 3 VVI 3 g.n.t.
08:45 Frisia JO8-3 SDS JO8-1
09:00 SJO Oudega/HJSC/Heeg JO17-1 SDS JO17-1 5-0
09:00 Leeuwarder Zwaluwen JO15-2 ST SDS/Nijland JO15-1
09:00 Oosterlittens JO9-1 SDS JO9-1 2-4
10:30 SJO DFC MO15-1 SDS MO15-1
11:15 SC Bolsward JO10-4 SDS JO10-1
11:30 Oosterlittens JO12-1 SDS JO12-2 3-0
14:30 V.V. Heeg 2 SDS 2 0-2
14:30 V.V. Heeg 3 SDS 4 6-2
14:30 AVC VR1 SDS VR1 g.n.t.

SDS 1 kin net ymponeare

Utsein de earste 25 minuten wie it fan SDS 1 in meager optreden tsjin Minnertsga 1. It woe “gewoan” net. It hie miskien oars west at de kâns fan Hendrik de Jong en de rebound fan Habtamu de Hoop yn de 5de minút doeltreffend west hie. In doelpunt hie ek oan de oare kant falle kinnen, want Jaap Toering moast yn de 15de minút nei de hoeke dûke om 0-1 foar te kommen. It spul wie fan beide kanten net geweldich en Minnertsga wie foar it each suver wol de better ploech. Mar ek sij makken it Jaap Toering fierders net lestich.
Yn de twadde helt mei Pieter Sytsma foar Wiebe Heeres besocht SDS it wol, mar it spul bleau ûnsoarchfâldich. Fanôf de 65ste minút hie it spul feroarje moatten want in spiler fan Minnertsgea waard mei twa kear giel fan it fjild stjoerd. Lykwols der feroare neat oan it spul. De frije man waard net fûn en it hie noch raar komme kinnen ek doe’t yn de 87 ste minút de peal neist SDS-keeper Jaap Toering lûd makke fanwege in foar Minnertsga hast goed ynsketten bal.
It bleau 0-0 en dat wie teloarstellend foar de heal ferklomme taskôgers.

Hjirûnder de foto’s fan Henk Bootsma.

Pupillen fan de wike


As doelpuntenmakker is Hendrik de Jong fansels tige populêr bij de jonge fuotballers. It slagge sneon net om te skoaren mar de twa pupillen fan de wike woene al mei him op de foto. Lofts stiet Mohammed Achmed Dahir en rjochts Marijn de Groot.

Net om oan te sjen?


It spul fan SDS wie net geweldich sneon mar dat wol net sizze dat je hannen en boekjes foar de eagen dogge

SDS 2 pakt trije punten

Moaie punten waarden behelle troch SDS 2. Tsjin Heeg waard it 0-2 troch doelpunten fan Niels Hazewindus en Ralph Wariman

SDS 4 teloarstellend

Ek de spilers fan SDS 4 fûnen harren optreden hjoed teloarstellend. Johan Postma en Hendrik Engbrenghof skoarden dan wol mar Heeg 2 fûn 6 kear it net.

4 doelpunten fan Aiso bij SDS JO17-2


SDS JO17-2 wûn foar de tredde kear dit seizoen en stiet no yn it lofterrychje. Tsjin GAVC JO17-2 wie Aiso Agricola de doelpuntenmakker. Hij skoarde mar leafst 4 kear yn de mei 4-2 wûne wedstriid.

Topper JO15-2 mei striid beslist!

Wat in voetbalpot ôfrûne sneon. Thús tsjin VV Ouwe Syl, de nûmer 2. We wisten dat der mear tsjinstand komme soe. Mei Pieter W noch blesseert en Thomas Oane siik op bêd, wiene we bliid dat Jelmer en Jasper wer fit wiene.

We setten fol goede moed útein. Dochs lieten we ús earst ferasse. Ouwe Syl sette gelyk druk en starten mei lef. Se mochten fanôf links troch komme en ferrasten ús keeper 0-1. Dat skodde de mannen wekker. In stapke derbij en druk op de bal, slagge dernei better. Pieter B koe sa de 1-1 meitsje. En no troch! De druk fan ús wie goed mar it spul noch wat slordig.  De twadde hoekskop fan rjochts koe út de rebound troch Jetse ynsketten wurde. Dat wie de 2-1. Ouwe Syl jûch ek wer gas. En wij wiene de organisatie efkis kwyt. Troch drokte foar ús goal krigen we de bal net fuort. Ouwe Syl wol: 2-2. Toen kaam Jelmer der yn. Syn earste wedstriid wer nei in slimme blessure. Disse frisse energie jûch it team wer fertrouen en soarche foar druk nei foaren. Krekt foar de thee makke Jelmer de 3-2! Wat in come back.

Nei de rust wie de opdracht skerper op de bal en tiid nimme wer it kin. De mannen wiene op dreef. De twadde helte spielen we goed op de helte fan Ouwe Syl. Sy kamen der noch trije keer út mar wiene net mear gefaarlik genôch. It wie wachtsjen op in goal fan ús. Die kaam krekt foar it ein 4-2.

In prachtige en terjochte oerwinning. Noch net alles lyke sûver, mar 110% striid en ynset.

Nije wyke moatte we út tsjin FC Harlingen. We sette de groei troch!

Tsjeard, Hans, Jelmer en Gosse.

SDS JO 11-1 wint van Sc Stiens.

Vandaag onder de volgende winterse omstandigheden de thuiswedstrijd tegen Sc Stiens.

Wit veld.
Gevoel temperatuur -3
Mooi opkomende zon
10 enthousiaste toppers.
De scheidsrechter van dienst Dhr. Zuidema floot voor het begin van de wedstrijd en gelijk zetten we druk op de tegenstander met bal en kwamen we snel verdient op een 2-0 voorsprong met goals van Henk Jan en Wiebren.
Maar toen kwam er een onoplettendheid achterin en kwam Stiens op 2-1 dat was ff slikken voor de coach die het gelijk liet merken aan ze!
Gedurende 1e helft was het Vriesema die na een mooie terug gelegde bal bekeken afrondde 3-1.
Als je de 4-1 niet maak dan valt hij meestal aan de andere kant en werd het zomaar 3-2😨 en tevens de ruststand.
De rust tijdens de rust die was er niet in de kleedkamer de coach bleek toch wat zorgen te hebben over deze wedstrijd en liet dat even weten.😕
De 2e helft gaven we geen sinterklaas kadootjes weg en liepen we uit naar een 5-2 overwinning en was ook deze overwinning dik verdiend.
Supporters wilden het veld bestormen

maar op het bordje stond toch echt publiek achter de hekken!
Groetjes,
Dennis.

SDS JO9-1

Vanmorgen vroeg speelden we uit in Easterlittens op een zonnig berijpt veld. Het was een spannende eerste helft met goed positiespel en een goal van Omar met een assist van Yorick 3-1.

In de tweede helft kwamen we moeilijk over eigen helft en stond de felle tegenstander bij een uitbraak met 4 man in het doelgebied. Tóch een mooie goal van Julian met een assist van Yorick 4-2.

Een greep uit onze mogelijkheden:
Hille stevig aan de bal
Omar fel/sterk aan de bal
Ashrom fel in het duel
Rudmer Jesse sterk in positie
Julian aanvalskrachtig
Willemijn sterk aan de flank
Yorick goed aanspelen
Fimme stevig verdedigend

Rinse, Kees en Yde

SDS JO12-1 wint mei dûbele sifers


Hoefolle it krekt wurden is tsjin Sint Anneparochie witte wij net, mar it hat grutte kâns dat it oantal doelpunten dat se sneon makken grutter is as it oantal jonges/mannen dy’t hjir op de foto stean…

Mini’s


De mini’s wiene fannemoarn ek al wer aktyf. Sûnder skiedsrjochter mar mei spullieder Tjerk van der Pol. Hjir moat hij efkes “yngripe” om it mieningsferskil wa’t ynskoppe moat ú de wrâld te heljen.