Meinte Sixma Toernoai
Talinten fan SDS
Jim kinne jim opjaan bij
Hans van der Schaar
schaarha@znb.nl
0626785381
skilje tusken 18:00 & 20:00 oere
SMS mei ek.
Tongersdei 21 oktober slút de inskriuwing
Ferjit net te melden yn welk team asto sitst!
Utslagen en standen
De útslagen fan dit wykein binne al wer omsetten yn standen. Jim kinne hjir sjen dat SDS 6 en E3 noch altiten oan de kop steane fan harren kompetysjes.
Foto’s BCV 1 – SDS 1
Hjir de 2 hichtepunten foar SDS 1 ôfrûne sneon tsjin BCV 1 noch efkes op de foto:
Tsjipke Okkema makket de 1-0.
Jildert Hylkema makket de 2-2.
Training D1 giet jûn net troch
De training fan D1 giet jûn net troch. Yn plak dêrfan is der moarn trainen op it âlde fuotbalfjild te Wommels net om 18.00 oere, mar 17.45.
Remco
De training fan F1 giet jûn net troch.
Remco
Opereard
Janneke van den Elshout fan SDS Da2 bruts ferline wike sneon har “kaaibonke” yn de wedstryd tsjin JV Bolsward. Hjoed wurdt sy opereard. Wy hoopje dat sy gau wer opknapt. It blomke fan de Boalserter froulju hat har yn elts gefal goed dien.
SDS F1
Ek SDS F1 is sneon op de foto kommen:
Harsens derby (316)
As Ronaldinho de bal hat dan moatte je as ferdediger noch altiten de kop der goed by hawwe: