Weppers tiisdei 19-10

Weppers moandei 18-10
18 oktober 2010
Weppers woansdei 20-10
19 oktober 2010

Gjin keeperstrainen
Der is jûn gjin keeperstrainen foar Gerrit, Harm, Doede- Rients en Eddy.
Jaap

Zeerobben – SDS Da2
De útslach wie foar SDS Da2 miskien net om nei hûs ta te skriuwen, mar de foto’s binne der net minder om(klik
hjir). It is miskien al better om it ferslach oer te slaan:

It hier waait je altiten foar de eagen yn Harns.

Wedstrydferslagen SDS 3
SDS 3 hat ôfrûne sneon wer wûn en dat is altiten gau te merken. It is ûnrêstiger yn de kantine en je krije wer ris in wedstrydferslach binnen. Jentsje hat lyk ek mar in ferslach skreaun oer de wedstryd fan foarige wike wylst dat der ien wie om gau te ferjitten. Jim kinne se
hjir lêze.

Programma SDS
Troch de hjerstfakansje hoefe kommend wykein in soad teams net te fuotbaljen. 30 oktober is der wol wer in folledich programma. It programma foar de kommende 2 wykeinen kinne jim hjir fine.

Nije banner
Sponser Wietse Ligthart fan Bouw-tekenburo hat in nije banner krigen hjir op de webside: “Omgevingsvergunning-online”. Jim kinne him loftsûnder fine. Nijsgjirrich? Klik de link oan:


SDS League
De nijste stân fan de SDS League hoopje wy tongersdeitejûn bekend meitsje te kinnen op de webside en yn de fuotbalkantine.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 en 2 meie moarntejûn wer los yn de kompetysje. SDS 1 spilet om 20.30 thús tsjin De Harkema 1 en SDS 2 om 21.30 tsjin Bolswardia 3.

Voskov’s Grodzemods
Us russysk wurdt hieltyd better soene je sizze. Wij kinne de namme fan dizze rockband út Wommels, Itens, Kûbaard en Winsum hast sûnder ôfsjen skriuwe. En dat wolle wij ek graach want it is fansels moai dat je op é tiid efkes rocke kinne. Dat kin bijgelyks kommende sneon yn
Britswert, wêr’t de Grodzemodsers foar it earst los gean. Oh ja Grodzemods is in hiel gewoan Frysk wurd en it betsjut ” it ûnderste út de kanne”.

Feyenoord yn de put
 

Harsens derby (317)
“Hè, dat doe ’t ‘ie anders nooit”: