Weppers snein 17-10

Utslaggen sneon 16-10
15 oktober 2010
Weppers moandei 18-10
18 oktober 2010

F4

Foto Henk Bootsma

D3
hspace=0
“Alle Feyenoord fans yn de midden en de Ajaxfans oan de side, want dan kin ik dy der ôfsnije” sei de fotograaf sneontemoarn tsjin D3. Dat lieder Eddy de Boer en soan Rients yn de midden steane kin twa dingen betsjutte: sij hawwe ynsjoen dat Ajax net alles is of sij fertrouden de fotograaf net. Wij tinke it lêste.

Dm4
Ek sij binne as team op de foto kommen. No noch fan alle spylsters in leuke foto dan liket it hielendal echt. Sjoch
hjir

Grutte pechfûgel
Jitske Veltman D4M wie de grutte pechfûel fan dizze sneon. Har knibbel skeat út de kom en it ambulansepersoniel moast der oan te pas komme om it op te lossen. Dêrnei koe se mei in brees om wer op hús oan.

Fideo
It is al wer in wike lyn dat der hurd fytst waard om Easterein hinne. De fideobylden dêrfan kinne jim
hjir sjen.

Nei Burgum
Feite de Haan en Robert Hoekstra woene sneontemiddei efkes nei BCV 1 – SDS 1. De auto fan Feite begûn bij Britwert al wat te protteljen en bij Weidum wie it hielendal dien. Goeie rie is djoer. In mobile tillefoan is dan maklik. En wa kinne je dan it beste belje: Harm Auke Dijkstra, altyd berikber en seker no’t hij mei twa tillefoanen omrint. Mar Harm nimt net op. Dy sjocht it nûmer en tinkt: It is Feite, no dy sjoch ik aansens wol yn Burgum, sa dringend sil it net wêze”.
En sa pikt Tjeerd Dijkstra de mannen op en set se bij de kantine yn Easterein ôf. Earst wat noartsk mar geande de wedstriid fan A1 waard it sin better. Want 9 doelpunten is 5 mear as de 4 yn Burgum.