Weppers moandei 16-3

Weppers snein 15-3
15 maart 2009
Weppers tiisdei 17-3
17 maart 2009

Wedstrydferslagen
Wy krigen it wykein wer in soad wedstrydferslagen binnen. Jim kinne se
hjir allegear lêze. Ek de ferslagen fan de wedstriden fan SDS 1,2 en E4 steane der no by.

Nij op de Skoalleseize

En samar ynienen stiene se dêr: trije flaggemêsten flakbij de kantine.

Hynstemiddel

Bij SDS 5 dogge se der alles oan om sneons fit te wêzen. In flesse mei in hynstemiddel soarget foar fitte spieren foar hast de hiele seleksje.


… it is mar goed dat der gjin dopingkontrole is binnen 72 oeren bij it amateurfuotbal yn de leechste klasse…….

Neisit 
 
SDS 5 hie sneon de neisit yn it ierpelhúske fan Ype en Elly. Middelpunt wie de draaitafel wêrop de sels bijbrochte elpees draaid wurde koene. Der wie fariaasje genôch. Alle hits fan de jierren 60, 70 en 80 fleagen foarbij. En wylst diene de hearen de hearen harren te goed oan ien of inkele Hertog Jannen en ieten hja fan de prachtige en hearlike slaatsjes en woarst en tsiis en sjips. Letter mear.

Wa?
Oebele Anema tipte ús oer it programmaboekje fan LTC. Sij brûkten dêr wat oare foarnammen as wij dat gewoanwei dogge.

 

Poiesz-jeugdsponseraksje

Fanôf 2 febrewaris oant ‘e mei 28 maert kinne der wer sponsormunten garre wurde foar SDS.  By elke € 10.00 oan boadskippen en bij 80 sponsorpordukten ûnfange jo een gratisjeugdsponsormunt. Stopje dizze munt yn de koker fan SDS. Hoe meer jeugdsponsormunten wy sammelje, hoe heger it sponsorbedrag wurde sil. De munten kinne ynleverje wurde by Poiesz yn Skearnegoutum, dêr stiet ús koker. Doch allegear mei en dan sille we sjen hoe’t SDS scoort.
De Jeugdkommisje

’t is Aksje!
Moarntejun(tiisdei) organisearje wy foar de tredde kear Freonenjun yn de Aktie Sport Snits en Ljouwert.
Elts wolkom wa dit least fanof 18.00 oant 21.00 oere. 25% koarting op alles!! Mis dit net!!
Groetnis Gerard en Tineke

Ballenjongen
Miskien is it nochris in idee om by SDS ballenjongens yn te setten. As sy goed binne dan kin it namelijk noch wolris in doelpuntsje opsmite sa as hjir yn Israël: