Weppers tiisdei 17-3

Weppers moandei 16-3
15 maart 2009
Weppers woansdei 18-3
17 maart 2009

Hanzedruk ferlingt ek

SDS is tige bliid dat ek de cosponser fan SDS 1, Hanzedruk út Boalsert, it kontrakt ferlingd hat.

Mei-eigner Wouter Hylkema hat it kontrakt tekene.



Super!
Sieta Tessemaker hat it tige nei it sin mei de skoalfamkestraining op moandei. Se wol wol der graach wat mear famkes der by. Dêrom hat se op eigen initiatyf
yn oerlis mei har gymlerares op Bogerman juster in fuotbalgymles fersoarge foar de brugklas. Der binne tolve famkes west. Se hat alle famkes in brief mei jûn oer de training bij SDS. En no mar hope dat er wat op of komt…
In superinitiatyf fan Sieta liket ús sa ta!
Wolle je ek graach lid wurde klik dan hjir.

SDS League
Wy tinke dat it dizze wike in slachtpartij wurdt yn de SDS League. Woansdeitejûn kinne jim der hjir alles oer lêze.

KNVB
It bestjoer fan de KNVB-amateurfuotbal hat moandeitejûn in gearkomst hân. hjiryn waarden ferskeidene dingen besprutsen. Meast yn it each springe 2 dingen. De KNVB wol mei yngong fan it seizoen 2010-2011 2 Topklassen yn it amateurfuotbal hawwe. Ek hjit it futsal nei dit seizoen wer gewoan “sealfuotbal”. Sjoch hjir foar mear oer de KNVB-gearkomst.

Mascara
Twa wiken werom seagen jim hjir in prachtige goal fan Mascara fan Catania fanôf de middenline. Hy stiet ynmiddels op de nominaasje foar de Squadra Azzura en nimt dit wykein patint op goals fanôf in grutte ôfstân: