Weppers snein 15-3

Utslaggen sneon 14-3
13 maart 2009
Weppers moandei 16-3
15 maart 2009

Nei de toer?
Der is sa’n ferhaal dat SDS yn de twadde helte it beste nei de toer ta fuotbalje kin. Klaas Kamstra (keeper SDS 5)hie dêr juster in oare miening oer: “Nooit wer nei de toer ta yn maart bij in wedstriid dy’t om kertier oer fjouweren be
gjint, ik haw gjin bal sjoen.”
Syn ploechgenoaten koene him gerêststelle, der hat ek gjin bal bij him yn de buert west.

F2 yn aksje

SDS F2 moast sneon oantrede tsjin de gielen fan Top 63

Kanaarjes
Eltsenien wit dat Klaas Overal gek is fan kanaarjepyten en dat hy ek in stik of wat fan dy fûgels thús hat. As hy op fakansje giet dan giet hy dan ek meastentiids nei de Kanaryske Eilannen. Ek no is hy krekt werom fan dizze eillannen. Dit kear kaam hy ek noch mei in enorme kanaarjepyt wer thús. Frou Baukje wie sa giel as in kanaarje en is ynmiddels mar efkes by de dokter west.

Plaatsje draaie
It waard in tige slagge jûn fan SDS 5: plaatsje draaie. Wij komme hjir letter op werom. Favoriten wiene Grutte Jan fan Tryn, the Opera en Manuela. En fansels Uriah Heep (of net Klaas)

Betterskip
Jan Bouke Bouma hat him weromlutsen as leider fan de froulju om ’t hy it wat te drok krigen hat by D2 wêr ’t hy ek leider fan is. De oare leider fan D2, Berrie Veenhof, leit namelijk yn it sikenhûs. Wy winskje him betterskip ta!

Schwalbeuarez
Luis Suarez is in fuotballer dy ’t soms maklik nei de grûn giet. It is allinnich noch net sa slim as by dizze spits: