Weppers moandei 12-8-2018

Weppers freed 10-8-2018
10 augustus 2018
Gekke goals!
14 augustus 2018

SDS 1 is los!

SDS 1 hat ôfrûne sneon foar it earst dit seizoen ûnder lieding fan ús nije trainer Douwe Posthuma. Yn syn prachtige nije trainingspak koe hy fol oan de bak mei mar leafst 24 (!) spilers. Der dienen ek inkelde spilers fan de JO19 en de JO17 mei. Dizze jongens wienen der allegear;
Jaap, Mark, Gerwin, Jacob Klaas, Marco, Remco, Jorrit, Wiebe, Matthijs, Yward, Pieter, Watze, Lourens, Hendrik, Robin, Luuk, Wierd, Steven v.d. P, Tjitse, Kent, Sjoerd, Wesley, Stan en
Douwe Jan.

SDS 2 is los!

SDS 2 hat sneon ek foar it earst traind ûnder lieding fan in nij trainer. Okke van der Kamp koe mar leafst 15 man op de earste training begroetsje.

Oefenje

SDS 2 hat sneon lyk al syn earste oefenwedstriid. Sy oefenje om 14.30 oere thús tsjin Leeuwarder Zwaluwen 2.

Kompetysjeprogramma’s

As alles goed is dan komt de KNVB kommende freed mei de kompetysjeprogramma’s. Wy sjogge der al wiken nei út!

SDS JO 17-1

De SDS JO17-1 sil dizze wike ek wer foar it earst traine.

Net op it gers!

Y.m.f. mei it sproeien fan de gersfjilden by SDS om it ûnkrûd tsjin te gean kin der net op de gersfjilden traind wurde.

Harsens derby(2040)

Toet toet!!