Weppers freed 10-8-2018

Weppers moandei 6-8-2018
6 augustus 2018
Weppers moandei 12-8-2018
13 augustus 2018

SDS 1 traint

SDS 1 sil moarn wer los. Trainer Douwe Posthumua sil de mannen traine fan 14.00 oere oant 15.30 oere.

SDS 2 traint

SDS 2 begjint moarn ek wer oan it nije seizoen mei de earste training. Trainer Okke van der Kamp sil om 12.30 oere los.

Start trainingen

Noch net foar alle teams begjint moarn it trainen wer. De trainer fan je team jout oan wannear as de earste training is. Hjir kinne je it trainingsskema fine.

Kantine

De kantine is moarn noch net iepen.

Net op it gêrs!

De Gemeente Súdwest-Fryslân hat besletten dat der oant 1 septimber yn de gemeente gjin oefenwedstriden op gêrs spile wurde meie. Ek wurdt der ôfrieden om op gêrs te trainen oant 27 augustus.
Nije wike kin der sawisa net op it gêrs traind wurde yn Easterein. De gêrsfjilden wurde dan besproeid tsjin it ûnkrûd.

Oefenwedstriid tsjin VVI

Om ’t der yn de Gemeente SWF net op gêrs oefene wurde mei wurdt op sneon 25 augustus de oefenwedstriid tsjin VVI net spile yn Idskenhúzen, mar yn Easterein. De wedstriid begjint om 14.30 oere.

Wedstriidprogramma’s

De bekeryndielingen, de bekerprogramma’s en de kompetysje-yndielingen binne bekend, mar noch altiten net de kompetysje-programma’s. As it goed is dan makket de KNVB se nije wike freed bekend.

It WK

It Wommelser Kampioenskip stie dit jier wat op in leech pitsje y.f.m. de waarmte. Justerjûn waard op in fraai meande en bereinde Terp noch wol efkes de finale spile. Team read  mei Matthijs, Gerwin, Habtamu en Willem gie der úteinlik mei de titel fan troch mei troch 12-8 en de winnende goal te winnen fan team blau-swart- grien-wyt mei Gerlof-Jan, Wytse, Bote en Ate.

Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhuhhuh!!

Pieter de Boer en Marco Rijpkema binne hjoed beide jierdei! Fan herte lokwinske!

De Eredivisie begjint

Jûn stiet de earste wedstriid yn de Eredivisie op it programma. sc Heerenveen mei om 20.00 oere út tsjin PEC Zwolle. Der binne noch gjin punten te fertsjinjen foar de SDS-League, want dy giet pas healwei septimber los.

Harsens derby (2039)

As keeper binne je oannommen om ballen tsjin te hâlden………..