Weppers moandei 12-4

Weppers snein 11-4
11 april 2010
SDS’ers yn bands!
12 april 2010

Programma SDS 1 dizze wike
SDS 1 traint tiisdei net. Sy sille nei Nijland 1 – BCV 1. Dizze wedstryd is tige wichtich yn de race om it behâldt fan it 2e-Klasserskip. Dizze wedstryd begjint om 19.00 yn Nijlân.
Wa ’t wol traine wol fan de A-seleksje kin mei it twadde meitraine om 19.00.
Tongersdei sil SDS 1 om 19.00 yn Wytmarsum oefenje tsjin Mulier 1. Sneon is de A-seleksje frij.

Ynhelje
Allinnich SDS C2 moat fan ‘e wike op jûn fuotbalje. Sy moatte tiisdeitejûn om 18.45 yn Starum tsjin QVC C1.

Stoffel

Wij meie graach wat om ús hinne sjen yn de kantine. At der ek opmerkelike saken binne. Ja dus, Stoffel, dat like ús sa’n antimobiler. Net dus.

Oflast
Dit kin gjin tafal mear wêze. De wat âldere wepmaster hat dit seizoen in soad lêst fan ôflaste wedstriden bij SDS 5. Dochter Anne- Marije fuotballet dit seizoen yn Ingelân bij Saffron Walden en sij twittere sneitemoarn:
Match called off again.

Traine SDS 2
Mannen, wij traine tiisdei om 19.00 ynstee fan 20.00 oere.
Klaas

Skiedsrjochters en sa socht
Woensdag  28 april a.s  word weer het jaarlijkse schoolvoetbal gehouden,begint om 14:00 en eindigd om 18:00 .we zijn nog op zoek naar scheidsrechters die willen fluiten. O
ok zijn vrijwilligers nodig om hand en spant diensten te doen.
Neem contact op met Janbouke Bouma.
bouke.bouma@home.nl  
groeten jan bouke

Foeilelijke sjurts (22)
Hjir it útsjurt fan Barcelona fan 1997. Yn neat liket dit op in fuotbalsjurt.

Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (190)
De keeper fan Sevilla, Andres Palop, gie efkes stoer oan de latte hingjen. Hy hie net yn de gaten dat sy by Malaga de latte altiten ynsmare mei sjippe: 


Letter miskien wol mear!