Weppers snein 11-4

Utslaggen 10-4
9 april 2010
Weppers moandei 12-4
11 april 2010

Utslaggen en ferslaggen
Der binne al wer in oantal ferslaggen binnenkommnen. Jim kinne se
hjir lêze.

Dropaksje
De jeugdaksje hat € 1421.67 opsmiten.
Gr. Fokje

Doelpunten
En se bliuwt mar skoaren: Jitske Plantinga pakt brutaal it twadde plak yn it doelpuntenklassemint. Sjoch
hjir

Bijprate
De resultaten fan SDS 5 wiene juster net super goed (1-3 ferlies). Der siet in bepaalde sleauheid yn de ploech. Mooglik dat dêr wol in ferklearring foar is. It oerke pitch en putt is der echt op oan kommen. Foar dizze wedstryd gie it allinne mar de naweeen fan dy dei. Lit ús mar sizze dat se der goed op út west ha en úteinlik allegear wer betiid of let thúskommen binne.

Rêstich
It wie juster opfallend rêstich op de Skoalleseize wat de wedstriden oangiet. Tusken in oere as 12 en healwei trijen wie der sels neat.

Utspile
PSV kin net fan Feyenoord winne. It is no hast wol wis dat se dit jier gjin kampioen wurde. Oare jier mar wer ris sjen. Wij hawwe begrutsjen mei Harm Auke. It wie syn wike net nei tillefoan en auto lijen.

Moai behang
As je in útwedstryd spylje dan is it altiten in ferrassing hoe ’t de boksen derút sjogge. Is de boks wat skjin, is dy grut genôch en hoefolle douches binne der? Sommige minsken falt hiele oare dingen op. Juster kaam Mark Beckers fan SDS F4 by CVVO de boks yn en rôp: “so, moai behang!”

Peaske
Mei Peaske hawwe sy by Feyenoord net allinnich de aaien ferve, mar ek de skuon:
Pasen

Foeilelijke sjurts (21)
Mei dat swarte sjurt fan Skotlân is neat mis. Yn de jierren 80 hienen sy der allinnich in broek by dy ’t blykber allinnich mei in rym omheech hâlden wurde koe….. Hjir sakket ús broek fan ôf…….
Charlie Nicholas in action for Scotland in Mexico in 1986
Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (189)
As FC Twente noch trije wedstriden de kop derby hâldt dan wurde sy gewoan kampioen. Appie Posthumus liuwt der net mear yn dat Ajax FC Twente efterhellet. It docht him tinken oan mits jierren 70 doe ’t FC Twente it ek sa knap die. Doe wie der noch gjin Bryan Ruiz of Miroslav Stoch. Doe wie it noch gewoan Johan Zuidema die ’t prachtich skoorde tsjin Juventus: