SDS’ers yn bands!

Weppers moandei 12-4
11 april 2010
7×7=45+ toernoai
12 april 2010

In soad SDS’ers soenen qua úterlik like goed yn in band of sjonggroepke sitte kinne. Somtiden rint it libben wat oars en bedarje je gewoan by SDS. Mar wat as dit no net bard wie en eltsenien hie wat mei de musyklessen fan master Geertsma of Hingst of sa dien?
Wy witte it wol:

Willem by de Ramones

It koe fansels net útbliuwe. De Ramones sochten in nij  bandlid en kamen bij SDS telâne. Der wie gjin seleksje nedich. Der wie mar ien kandidaat. Mei tank oan Jan Rinse Blanksma hawwe wij de earste foto fan de nije Ramones binnen.

Hendrik by Metallica
Hendrik Engbrenghof fuotballet dan wol yn SDS 3 of 4, mar hie miskien wol leaver by Metallica sitten. Of soe der fannemiddei op Aaipop by Frysellica sitte dy ’t nûmers fan Metallica omsetten hat yn it Frysk?

Mei dank oan Jouke Rispens.

De Wagenaars by Earth & Fire

Ronny en Jeroen Wagenaar hienen graach meidwaan wold oan Idols. Mar ûndanks harren fertrouen yn eigen muzikale kwaliteiten, hiene se gjin sin om sich ôfbaarne te litten troch Jerney Kaagman. Dus setten se de twilling broers Gerard en Chris Koerts út Earth en Fire en namen sij it plak yn. Mei Jerney Kaagman as sjongeres.

Redmer by The Clash


Fansels is it hartstikke aardich dat Redmer wat yn SDS 1 fuotballet, mar mei dat hier hie hy fansels like goed yn de jierren 70-punk-ska-groep The Clash past.

Wesley by The Jackson-five

Wesley fuotballet net mear en is leider fan B1. It hie sa oars rinne kinnen, want hie hy Marijke net troffen dan hie hy gjin gel yn syn hier hân en hie hy krekt sa ’n kreas afro-kapsel hân as syn oare Jackson-broers.

Freek by New Kids on the Block

Wat de froulju oanbelanget soe Freek perfekt by New Kids On The Block passe. Al soe hy sels miskien leaver by the
New Kids heare……….

Klaas by Queen

Eltsenien tinkt dat Freddy Mercury as earste in snor hie. Dit kloppet net. Sels doe ’t Klaas Pompstra noch yn Nijlân wenne hy dy al in snor. Hienen sy dat yn Ingelân yn witten dat hy Klaas by Queen sitten en wie hy nea by SDS bedarre.

Dick by Take That

Hie Dick Schuurman nea fuotballer west of trainer wurden dan hie hy fêst yn in jongesbandsje sitten mei jonkjes dy ’t ek gjin burdgroei hawwe lykas Take That.

Rudy by The Baseballs

Mei dat hier yn sa ’n fette (HAK)kuif hie Rudy foar itselde by The Baseballs sitte kinnen.

Jeroen by Tokio Hotel

Jeroen syn hier is dan net sa spektakulêr as syn maten, mar mei sa ’n bril hie hy perfekt by de band foar gillende tienerfamkes, Tokio Hotel past.

Marten by The Young Ones

Hast alle SDS’ers hienen wol by de Young Ones past, mar Marten past dochs wol it best.

Ralph by The Vilage People

Hie Ralph net alles op syn fuotbalkarriëre setten dan hie der fêst plysje wurden en koe hy sa by de Village People. Al soe it fiere reisgjen mei it touren him dan wolris opbrekke kinne.

Aant by ZZ-Top

Aant hat yn it ferline fansels écht by ZZ-Top sitten. De donkere sinnebril hat hy ynmiddels bedobbe, want dat fertroude hy net mear op op ‘e lisfyts.

De Josototo-band

Jierren lyn sieten der noch 4 SDS’ers yn de Josototo-band. Ien optreden hawwe sy hân yn in útferkocht Center Parcs-húske en dêrnei wie it dien. Op de foto sjogge jim Jan Stenekes, Pieter Kamstra, Gerard van Asselt en Hendrik de Jong yn akjse.

 
Slash(links op de foto) bedarre úteinlik by Guns N’ Roses, mar dit hie like goed Jan Stenekes(rjochts op de foto) wêze kinnen.

Hawwe jim noch in idee mail it dan nei
info@vv-sds.nl .
It leafst mei in foto fansels!