Weppers moandei 11-3

Weppers snein 10-3
10 maart 2013
Weppers tiisdei 12-3
12 maart 2013

Gjin trainen
It fjild en de trainer binne beide net fit, dêrom giet it trainen fan C1 net troch.

Gjin trainen
MC1 en Vr2 hawwe jûn en woansdei gjin trainen fanwege winterske omstannichheden.

It gêrs is earne oars (yn de gemeente) net griener
Fansels wie it hiel ferfelend dat sneon om 13.00 SDS 1 – Leeuwarder Zwaluwen ôflast waard, mar it kin noch slimmer. Dit barde der juster yn Littens:
Scheidsrechter keurt veld in Oosterlittens alsnog af! Lemmer was al gearriveerd” #ooslem”

Voetbalreporter
Theo Postma hat fan de wedstryd SDS E1 – ONS E2 in kreas ferslach makke. Op de webside Voetbalreporter.com stiet ek
in ferslach fan dizze wedstryd.

SDS 2 de seal yn
Om ’t it waar foar dizze wike net al te best liket en de kans der seker is dat der net op it trainingsfjild traind wurde kin sil SDS 2 woansdeitejûn de seal yn. Sy traine dan y.p. fan 20.30-21.30. Allegear dan efkes in eurootsje meinimme.

2013-2014
De spyldagenkalinder foar folgend seizoen leit al klear. SDS 1 begjint folgend seizoen op sneon 24 augustus mei in bekerprogramma. Sneon 7 septimber stiet de earste kompetysjewedstryd op it programma. Opfallend is dat der foar it earst yn jierren op Peaskemoandei wer in ynhelprogramma fêststeld is.

Aaipop
No is it noch goed winter, mar oer 3 wiken is it alwer Peaskemoandei. Dit jier lokkich genôch gjin fuotbaljen op Peaskemoandei, dus kinne wy moai nei Aaipop.

Harsens derby(975)
Koekoek!!