Weppers tiisdei 12-3

Weppers moandei 11-3
11 maart 2013
Weppers woansdei 13-3
12 maart 2013

Gjin trainen
Foar de A seleksje, SDS 2 en 3, SDS A1, D1, E1, E2 gjin trainen hjoed fanwege de hurde ûndergrûn.

SDS 2 en 3
SDS 2 en 3 hawwe jûn gjin trainen. Sy traine moarntejûn yn de seal om 20.30.
Allegear efkes in eurootsje meinimme.
Groetnis,
Marco, Jeroen, Sjoerd en Bote

F-pupillen
Yn ferban mei in beferzen fjild moarn gjin trainen foar de F-pupillen.
Gr. Luuk, Peter, Christiaan en Hans


Jeugd 2013-2014
De jeugdkommisje is alwer drok dwaande mei folgend seizoen. Ien en oar sil dan wat feroarje. Sa sille in part fan de F’kes op freedtemiddie fuotbalje yn in 4-tsjin-4-kompetysje. Sjoch
hjir hoe ’t it der allgear út komt te sjen foar de junioaren en de pupillen.

SDS-sokken winne!
Wie heeft als eerste alle SDS-kaarten van de Jumbo bij elkaar gespaard?
Vraag buren, pakes en beppes, ooms en tantes en wie je noch meer kent om bij de Jumbo in Wommels de boodschappen te doen en vergeet niet om een SDS-kaart mee te nemen. De eerste die alle kaarten heeft kan dat mailen naar
PRcommissie@vv-sds.nl.
Ben jij eerst dan krijg je gratis een paar SDS sokken.
Enne

SDS-sokken! Dy kinne je no wol brûke!

Trefferbesoarger socht foar Kûbaard!
Joost Verhues fan Kûbaard is fan doel om nei dit seizoen te stopjen mei fuotbaljen by SDS. Hy sil sa ’t it no stiet nei dit skoaljier nei Grins te studeren. Sa moai as wat fansels, mar dat betekent dat hy de Treffers ek net mear besoargje kin yn Kûbaard. Wa ’t dit nei dit seizoen fan him oernimme wol mei wol efkes maile nei
DeTreffer@vv-sds.nl 

Tige by tige!
Marije de Vries fan SDS Vr. 1 wol eltsnien noch efkes tank sizze foar it stypjen:


SDS-League
Der wienen dit wykein net folle punten te fertsjinjen yn de SDS League, dus miskien kinne wy moarn de nijste stân al sjen litte.

Lykle Bleekveld fuort by LSC
Âld-SDS-trainer Lykle Bleekveld is per direkt opstapt as trainer by LSC. Juster stie der in ynterview mei him yn de Ljouwerter Krante. Lykle hie yn novimber noch oanjûn in seizoen deroan fêst te plakken, mar komt no op syn beslút werom. As oarsaak wurdt jûn dat de spilers fan LSC te maklik ôfsizze foar trainen en dat sy útsjes planne op sneinen dat sy eins fuotbalje moasten. Lykle is hjirtroch net mear motifeard om langer foar de Snitsers troch it fjoer te gean.
No mar hoopje dat de trainers by SDS hjir gjin lêst fan hawwe…………….. 

Midsimmercup 2013
De jierlijkse Midsimmercup yn Dronryp sil dit jier ferspile wurde op sneon 8 juny.

Harsens derby(976)
Noch 10 sekonden op de klok en foar stean mei 37-36. Je hawwe de bal, dus je kinne twa digen dwaan. De bal by je hâlde of noch efkes de 39-36 meitsje fansels. Dan moat je de bal al yn de goeie basket smite…………