Weppers snein 10-3

Ut- en ferslaggen 9-3
8 maart 2013
Weppers moandei 11-3
11 maart 2013

Skûlje

It wie wiet sneontemoarn. Moai dat ien grutte paraplu it hiele E1 team beskermje koe tsjin de kâlde en wiete rein.

Útslaggen
Wy hawwe noch net alle útslaggen en ferslaggen fan de wedstriden fan juster binnen dy ’t wol trochgienen. Jim kinne se maile nei
dizze adressen.

SDS F4 in topvorm
Op dizze side side kinne jim lêze dat F4 juster yn topfoarm wie.

Rinsma foar Remco
Juster stie der in bus yn de kantine wêr ’t je jild ynsmite kinne foar de aksje “Rinsma foar Remco“. SDS 2 kaam ta it idee om foar eltse goal dy ’t sy tsjin Warkum 2 meitsje soenen sy elk in eurootsje doneerden. Doe ’t it nei 10 minuten al 4-0 stie like it in djoere middei te wurden foar de mannen. Mei in einútslach fan 6-4 bleaun de teller úteinlik hingjen op 6 euries de man. De mannen hienen ek noch wol blut kinnen, want der waard foar de wedstryd ek noch hiel foarsichtich oppere om foar eltse tsjingoal dan 2 euro te lapjen………

A1

Juster gjin taktysk konsept, mar in Sjinees resept. Juster gjin ploech dy’t fanút de ferdigening fuotballe, mar folop in de oanfal gie, juster gjin patatsje mei mar in kompleet miel. A1 wokte justerjûn en de tsjinstanner wie in “groue bealch”.

Harsens derby(975)
Schalke wûn juster de Kohlenpot-derby yn Dútslân fan Borrussia Dortmund. En dat komt flink oan: