Weppers moandei 11-3-2019

Sneon 9-3-2019
8 maart 2019
Nije reklamebuorden
12 maart 2019

SDS Seal

Jûn mei SDS seal los tsjin NTW 2. Dy wedstriid wurdt spile yn Akkrum.

SDS 1 – Oudehaske 1


Dit stiet yn de LC fan hjoed en wat op de wepside fan Oudehaske stiet kinne ek lêze. Sjoch   hjir.

Betterskip!

Ewout de Boer hat tiisdei in flinke optater hân yn de oefenwedstriid tsjin vv Oosterlittens en hat noch goed lêst fan syn skouder. Hy kin de kommende wiken dan ek net fuotbalje. Wy winskje him betterskip ta!

Debút

Wierd Hofstra fan de JO19-1 makke ôfrûne sneon syn kompetysjedebút yn SDS 1. En wat die der dat knap!

Op nei Skearnegoutum

Kommend wykein de streekderby Scharnegoutum 1 – SDS 1. De wedstriid yn Easterein einige yn 0-0 en dat wie op dat momint it earste puntferlies fan de readwiten. Hoe’t it der no foar stiet kinne jim hjir sjen.

Skorst

Pieter Sijtsma krige ôfrûne sneon in reade kaart en Erik Haitsma syn 5e giele kaart. Dat betsjut dat sy beide kommende sneon skorst binne……. Beide binne sy ien wedstriid skorst.

Yndraafsjurtstiper

Autorijschool Theo Postma stipet de JO17-2 mei nije yndraafsjurts, dus dan moatte je ek efkes op de foto. Is it net in plaatsje?

Der op út

Sjoerd van Beem gie sneon mei Annejan Hallema en Johan Delfsma efkes nei ADO – sc Heerenveen. Dat wie Studio Sport ek opfallen.

Der op út (2)

Bij it besykjen fan in fuotbalwedstriid troch SDS-ers yn it bûtenlân giet it meast om Barcelona, Liverpool, New Castle of Dordmund. Der binne in oantal SDS-ers dy dogge it meastal oars. Sij gongen ek dit jier nei Londen en pakke dan at it kin trije wedstriden mei yn it wykein yn de buert fan dat stedsje of dêr yn..

Sa wiene Friso Albada, Menno de Vries, Bertus Procee, Jildert Hylkema, Remco Hylkema en Wouter Hylkema bij de folgjende wedstriden.

Afbeelding kan het volgende bevatten: lucht en buiten

Lincoln City FC – Yeovil Town
Competitie: League Two
Datum: 8 maart 2019
Stadion: Sincil Bank Stadium
Uitslag: 1-0
Toeschouwers: 9.014

Walsall FC – Fleetwood Town FC
Competitie: League One
Datum: 9 maart 2019
Stadion: The Banks’s Stadium
Uitslag: 2-0
Toeschouwers: 4.987


Birmingham City FC – Aston Villa FC
‘The Second City Derby’
Competitie: Championship
Datum: 10 maart 2019
Stadion: St. Andrews Stadium
Uitslag: 1-0

Harsens derby (2112)

Toet, toet!