Weppers snein 10-10

Utslaggen 9-10
7 oktober 2010
Weppers moandei 11-10
10 oktober 2010

Pupillen de wike

Kent van der Schaar en Lars van Lelyveld wiene juster de twa pupillen fan de wike bij SDS 1. Sij diene de ôftraap, sij pasten op de ballen, sij snufden de sfear fan SDS 1, sij ieten patat en sij barden fan de skiedsrjochter twa euro, want elk doelpunt fan SDS levere dat op, hie hij sein. En sij kamen op de foto mei Tsjipke Klaas Okkema. 
(foto Henk Bootsma)

Brutsen

Janneke van de Elshout van SDS Da2 bruts juster yn de wedstryd tsjin DVBolsward DA2 har “kaaibonke”. Wy winskje har betterskip! (foto Henk Bootsma)


Djipgean
Eltse sneon is der mar ien SDS’er dy ’t echt hiel djip giet. Hy giet dan ek echt de hiele tiid djip of hy moat al wat sizze. Gerlof Veldstra jûch syn meispilers fan SDS 3 foar de wedstryd tsjin SC Joure 2 juster dan ek mar ien tip mei; “as ik neat sis, dan gean ik djip!”

SDS E1 op ‘e foto
SDS E1 is op ‘e foto kommen en stiet no ek
op de webside.

Soe dizze foto no makke wêze foar de wedstryd tsjin Balk E2 of nei de wedstryd? SDS E1 wûn yn elts gefal mei 3-2.

Dizze snein: Rûnom Easterein!
Hjoed is it dan alwer safier, de 8e edysje fan Rûnom Easterein wurdt ferriden. Fansels is
eltsenien fan herte wolkom om dit barren by te
wenjen. 
It programma sjocht der sa út:
• 13.00 oere; foar de dielnimmers: spagetty ite!
• 15.00 oere; start fytswedstriid
o 15.00 oere; Topklasse manlju
o 15.02 oere; A-klasse manlju
o 15.04 oere; Topklasse froulju
o 15.06 oere; Dikke-banne-klassen
Fansels is de koers ek wer live te folgjen fanôf de
brêge by Kafee Bergsma mei kommentaar fan ús
radioferslachjouwers Sjoerd van Beem en Tsjerk
Kooistra. 
Nei ôfrin fan it fytsen is der live-muzyk yn it
Kafee mei in hapke en in snapke. 
Oant snein! 
Út namme fan’e organisaasje,
Dirk-Yde

Harsens derby (310)
Noord-Ierland – Italië stie krekt foar tiid noch 0-0 en de Noord-Ieren fielden dat der mear ynsiet dan ien puntsje. Der siet ynderdaad op it lêst ek mear yn. In brutsen kornerflagge………….