Weppers moandei 10-9-2018

Sneon 8-9-2018
7 september 2018
Pupillenfuotbal
11 september 2018

Bekerprogramma troch de wike

10-9-2018 19:00 SDS JO15-1 Oosterlittens JO15-1      2-1
10-9-2018 19:00 Oosterlittens JO15-2 SDS JO15-3                      4-0
11-9-2018 17:30 SDS JO8-1 SJO DFC JO8-1

SDS JO15-1 – Oosterlittens JO15-1       2-1

In prachtige slotfase. SDS stie al lange tiid mei 1-0 foar en wist de 2-0 net te meitsjen. Oosterlittens joech goed partij en sa bleau it spannend. 5 minuten foar tiid kopte SDS op de latte en út de tsjinoanfal skoarde Oosterlittens prima nei in messkerpe kounter. Mei noch in pear minuten te gean  koe it alle kanten út. Oosterlittens  foel oan, SDS foel oan. Doe wie dêr dy korner fan SDS. Jelmer Brouwer sette foar, mar ynsjitte of koppe wie net nedich. De bal ferdwûn yn ien kear efter de doelman fan Oosterlittens.  Dy 2-1 koe SDS oer de streep lûke.

Efter de sporthal traine

Om ’t SDS JO15-1 jûn op it keunstgers bekert, meie de teams dy ’t traine moatte efter de sporthal traine.

SDS 1 oefent yn Wâldsein

SDS 1 oefent tiisdei yn Wâldsein tsjin Woudsend 1. Sy dogge dat mei de folgende seleksje, dy ’t om 19.00 oere ferwachte wurdt yn Wâldsein:

1 Gertjan
2 Bauke
3 Erik
4 Marco©
5 Jorrit
6 Wiebe
7 Frank
8 Watze
9 Habtamu
10 Pieter
11 Steven
12 Gerwin
13 Remco
14 Ewout
15 Matthijs
16 Lourens
17 Jaap

De wedstriid begjint om 20.00 oere.

Kompetysje

Woansdei begjint de kompetysje ek al wer foar de sealjonges. Om 20.00 oere yn de sporthal yn Easterein tsjin Haskerland 4.

FVC JO17-2 SDS JO17-1

Op bijna volle oorlogssterkte gingen we naar FVC. We mochten op kunstgras voor de hoofdtribune spelen. Vanaf het begin wisten we FVC goed onder druk te zetten en het spel op hun helft te spelen. In de tiende minuut werd de bal door FVC niet goed weggewerkt. De keeper kwam uit maar Eeltjse Bootsma kwam onverschrokken in om de bal door te koppen. Die bal kwam bij Stan Korbach terecht die vanuit een moeilijke hoek de 0-1 binnenschoot. Helaas was bij de voorzet Eelstje in botsing gekomen met de keeper, wiens hoofd tegen zijn sleutelbeen aankwam. Met veel pijn bleef Eelstje liggen en al snel werd duidelijk dat verder spelen er niet meer inzat. Hij moest naar het ziekenhuis dat gelukkig niet ver was. Diagnose: gebroken sleutelbeen.
Ook na dat moment bleven we goed druk zetten, en in de 20ste minuut werd een misverstand in de verdediging door Stan afgestraft. 0-2. Helaas brachten we ons zelf in de problemen omdat FVC tot de 25ste minuut niet gevaarlijk was. We verdedigde de bal niet goed uit en balverlies leidde tot de 1-2.
Echter we waren de bovenliggende partij en er bleven kansen komen. In de 30ste minuut maakte Stan dan ook de 1-3. Balverlies in opbouw leidde vlak voor tijd de 2de tegengoal op. 2-3
In de 2de helft kwamen we zelf niet in de problemen, maar wou de 2-4 maar niet vallen. Tot de 65ste minuut. Een corner door Kevin den Haan goed genomen en Anco Bervoets kon de bal perfect inkoppen. 2-4. FVC kwam daarna nog wel een paar keer gevaarlijk voor, maar Jeffrey van der Werf voorkwam met een katachtige redding tot 2 keer toe een doelpunt.
Robert

Skuon

‘Foar twa lytse talinten sykje wy fuotbalskuonnen en sokken. Ha jim nog wondersloffen maatsje 35 of 36 yn de kast lizzen en jim kin se misse: Ik helje se graach op!’
Dit wie de oprop fan jeugdfoarsitter Tjerk van der Pol op Facebook. juster. Binnen in koart skoftke wie de opset al slagge. Tige by tige familie Meijer!

Beker SDS 1

Kommende sneon is de bekerwedstriid SDS 1 – sc Bolsward sneon 1. Sij binne de grutste kânshawwers om troch te gean nei de folgjende ronde. De winner fan it duel SDS 1- sc Bolsward 1  is de winner fan de poule. Bij in gelykspul giet sc Bolsward troch, útsein de sitewaasje dat Foarút fan Bitgum wint mei 7 doelpunten ferskil. Dan gean de Menamers troch.

De nije SDS-League

It ynskriuwformulier en de útlis fan de nije SDS-League kinne jim hjir fine. Graach ynfulle foar kommende sneon 15 septimber om 19.00 oere. Der lizze ek formulieren yn de kantine.

Harsens derby (2048)

Dizze man hat wierskynlik de hiele simmer yn Swimbad de Klomp oefene……….