Weppers moandei 10-11

Weppers snein 9-11
8 november 2014
SDS giet foar keunstgêrs!
10 november 2014

Noch ien kear…..
Jûn sil de rie fan de gemeente Littenseradiel in beslút nimme oer it foarstel fan it kolleezje om jild út te lûken foar in keunstgersfjild op de Skoalleseize. Jûn falt de beslissing.
It is goed om noch ien kear as SDS sjen te litten dat it needsaaklik is en dat wij it ek graach wolle.
Jûn dus allegear nei it gemeentehûs om dêrmei it belang te úterjen. De gearkomst begjint om 19.30 oere.
Alle jeugdleden binne wolkom fan 19.00 foar it gemeentehûs yn SDS-klean!

SDS-klean te keap op 29 novimber yn de kantine
It rint sa stadich oan alwer aardich nei Sinterklaas en dat bestjut dat je dwaande moatte mei it meitsjen fan in ferlanglistje. Miskien is it tûk om efkes yn de SDS-wepsjop te sjen. Binne jim fan doel SDS klean te keapen, skilje dan efkes nei Douwe Dirk Reitsma(332500), want hy hat wat SDS klean op foarrie. Hjir kin dan efentueel ek past wurde. Sneon 29 novimber sille dizze klean te keap wêze yn de kantine fan 9.30-11.30.

Iepen Frysk sealkampioenskip
Begjin jannewaris wurdt yn Frjentsjer wer it OFK(foarhinne Midwintercup) hâlden. Foar SDS docht SDS 1 (âld) seal en SDS 1(fjild) mei. Der docht gjin frouljusteam fan SDS mei. De lotting is kommende freed.


Keunstgêrs by ONT
Ús freonen fan ONT dogge foar it bekostigjen fan in twadde keunstgêrsfjild mei oan in aksje fan de Klaas-Jan-Huntelaar-Foundation. Dêrby hawwe sy stimmen nedich. Sy hawwe al hiel wat, mar kinne noch wol wat brûke. Wy wolle harren dêrby wol wat helpe. Stypje harren ek troch op dizze side je stim út te bringen.

Movember
As SDS dogge wy fansels ek wat mei Movember. Inkelde SDS’ers binne al drok oan it sparjen foar in krease snor. Dizze wike sille wy fêst de earste foto fan iets fan in snorke binnenkrije liket ús sa ta.

Gerrit Sytsma kin ek sa meidwaan.

Stienkoal Ingelsk (5)
Louis van Gaal hie it wykein wer in moaie:
1. The points are inside! 
Is jim stienkoal Ingelsk ek sa goed? Mail it nei info@vv-sds.nl!

Alderaardichst


Harsens derby(1368)

By Borussia Dortmund- Borussia Mönchengladbach foel juster wis “die Eigentor des Jahres”! Unglaublich!