Weppers tiisdei 2-9

Weppers moandei 1-9
1 september 2008
Weppers woansdei 3-9
2 september 2008

Trainen
It trainen fan SDS 2 fan fannejûn giet net troch.

25 jier yn de lange hier

Op 2 septimber 1983 wie der in jong stel dat de lapen gear smite. Dat is no 25 jier lyn. Dêrom fierden Jelle de Boer en Akke Tiemersma mei harren 5 bern sneon 30 augustus it 25 jierrich houliks feest.
Ek wij winskje harren noch hiel wat jierren mei elkoar ta.

Dirk-Yde komt werom
Hoi allegear,
Oankommende woansdei komt us Durk Yde wer thús fan in lange reis. It liket ús leuk om him dan de jûns te ferwolkomjen mei in bierke! Elsenien wa’t Durk Yde nei in lange tiid wer even sjen wol is wolkom op dit barren. Sees it yn els geval fjierder tsjin elsenien, sadat der gjin minsken fergetten wurde. It soe mooi wêze at elsenien in lytse bydrage hat foar de fersnaperingen, sadat it qua kosten foar ús útkin. 
Plak: By Durk Yde thús yn de skuorre
Tiid: 20.00 oere 
Groetnis: Jan, Gerard

SDS 3 swier ûnderút
SDS 3 gie ôfrûne sneon swier ûnderút tsjin Workum 3. Hoe dit sa koe kinne jim lêze yn it ferslach fan Sjoerd(klik
hjir).

SDS 5 op Skylge
It doel is om it ferhaal fan SDS 5 yn de Treffer te setten. Mar omdat dat noch wol efkes duorret (earst komt it bewarnûmer noch) is it goed no efkes in oantal nijsgjirrige saken te melden.

Klaas Kamstra
Jieren hat er net keept. Sneon moast der 6 kear in wedstryd fan sa’n 25 minuten oan de bak op Skylge. Foar it earst ek op in keunstgersfjild. 6 wedstriden en gjin inkel doelpunt tsjin. Dat is klasse, sille de ferdigeners wol sizze mar it komt ek troch ús. Dat klopt sizze de middenfjilders omdat wij sa goed stiene kaam der neat troch. Ek dat is wier seine de foarhoedespilers want dat kaam troch ús meiferdigenjen. Dêrom kinne wij allinne mar posityf wêze oer de hiele ploech mei as resultaat de nul foar Klaas

Jappie Wijnia
Jappie wie sneon op Skylge de grutte pechfûgel yn it fjild. Hij grypte yn de earste wedstryd al in kear nei syn hamstring. En dat kaam dus net mear goed. Ferbitend fan de pine sette hij noch wol troch, koe sels in kear skoare mar sil wol in pear wike net meidwaan kinne. Mooglike oorsaak: trije dagen parketlizze.

Samme Overal
Sneon dy mar bliken dat Overallen oeral binne. Klaas en Boukje seagen dêr efkes yn it waar en bij harren bern Hanny en Samme. Sneon wiene se allegear bij it feteranen toernooi bij sc Terschelling. Samme mocht mei SDS fuotbalje en helle ien fan syn moaiste oerwinnings út syn karriere: Hij wûn as AVV-er, de oare klup fan Skylge mei SDS fan sc Terschelling.

Minnertsgea
Wij soene graach wat ferslach dwaan wolle fan hoe’t it sa koe dat de feteranen it tredde plakje hellen en net it earste. Richard van Wier fan Minnertsgea, in goeie freon fan Ype kin dit better. Hjir efkes
in ferslach oer in gefoelich punt foar in inkele SDS-er.

Miskien letter mear!