Weppers sneon 30-1

Weppers freed 29-1
28 januari 2010
Weppers moandei 1-2
1 februari 2010

Ôflast (1)
De oefenwedstryd fan SDS 2 tsjin CVVO giet net troch.
It programma is dus wer oanpast. SDS 2 giet no om 14.15 út Easterein fuort te sealfuotbaljen nei de sporthal fan Workum.

Oflast (2)
Ek de oefenwedstriid fan SDS 1 giet hjoed net troch. Der is gjin alternatyf mear.

Fuotbalje of ride
SDS 2 traint yn de sporthal yn Warkum. Foar de rest bliuwt in loopke nei de iisbaan yn Wommels in opsje. Want de iisbaan is wer iepen.

SDS League
Wy wolle graach wer gau starte mei de SDS League. De transfermerke is noch iepen oan ’t en mei moarn, mar der sil fêst net folle
mear feroarje.
Jûn kinne jim hjir alfêst de nije formulieren fine en moarn komt der ek in bult yn de Jimbar te lizzen. De teams moatte foar nije wike sneon 6 febrewaris om 19.00 ynlevere wurde.

VVO 75 jier
Yn ús gemeente binne twa fuotbaklups. De âldste is VVO. Yn de folksmûle neamd men it Easterlittens. Sij besteane snein 75 jier en sij fiere 75 dagen feest. Sjoch foar mear ynformaasje op harren
side.

Kop of munt
Sa hjit de spulrigel kenniskwis fan de KNVB. Spesjaal bedoeld foar skiedsrjochters. Wij nimme oan dat der ek bij SDS meardere dielnimmers meidogge. Wij tinke oan: Douwe, Jan Bouke, Friso, Enne, Jelle en fansels de twa Andréen. Ek foar regelmjittich giele kaart skoarende spilers miskien in opsje. Sjoch
hjir.

Pannenkoek
Snein is Feyenoord – Ajax om 12.30 te sjen yn de Jimbar. Wy binne benijd as de Ajax-supporters yn de Jimbar it wat sitten sjogge mei harren favoriten. Ajax rint namelijk wat stroef. Of soenen wy moarn yn de Jimbar ek sokke spandoeken oantreffe kinne??
Photo

Harsens derby (125)
As spits binne je fansels ôfhinklijk fan de moaie foarsetten dy ’t je krije. As spits hoef je dan allinnich de kop der noch goed by te hâlden om te skoren. hjir de moaiste assits fan de ôfrûne wike. Der sitte in pear juweeltsjes by: