Weppers mei seleksjes

SDS-feiling op 30 maaie!
7 mei 2015
Utslaggen 9-5
8 mei 2015

SDS VR2 giet net troch
De wedstriid fan sneon 9 maaie giet net troch. Zeerobben VR2 hat ôfbelle.

De SDS-keunstgerslotten

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach foar 17 maaie!

Âld-SDS’ers
De keunstgerslottenaksje libbet net allinnich ûnder SDS’ers, mar ek âld-SDS’ers. Sa hawwe de âld-SDS-trainers Marcel Frankena, Dick Schuurman, Hylke Schrale en Lykle Bleekveld ek lotten besteld.

SDS-feiling op 30 maaie!
Op sneon 30 maaie is de grutte SDS-jûn mei muzyk, in barbecue, in drankje, de grutte SDS-ferlotting en in machtige SDS-feiling. Alle opbringsten komme ten goede oan it nije keunstgersfjild. Der wurde nijsgjirrige stikken ynbrocht foar de feiling……….



Programma
Moarn 4 thúswedstriden en 2 útwedstriden. Dêrneist fansels de mini league. It programma foar sneon sjocht der
sa út.

Bant 1 – SDS 1
Sneon spilet SDS 1 de wichtige wedstriid yn de polder  tsjin Bant 1. SDS docht it mei de folgjende spilers:
12.30: fuort
14.30: spylje
Jaap, Jort, Feite, Feiko, Ewout, Bauke, Sjoerd, Teun, Hindrik, Skelte, Jacob Klaas, Lourens, Wiebe, Wytze.
Flagger: René

SDS 5- WPB 4
12.00: der wêze
12.45: spylje
Rickie, Arjan, Doede S, Thomas, Ruun, Broer, Jurjen L, Jorrit, Foeke, Bote, Gert Jan R, Jesse.

Efkes Balje
Jûn Efkes Balje yn Wommels. Om 19.30 oere.

Skorst
Jelmer en Elger binne moarn skorst y.f.m. harren 4e giele kaart ôfrûne sneon. Erik Haitsma krige read en hat te hearen krigen fan de KNVB dat hy 4 wedstriden bromme mei.

Nije Treffer
De nije Treffer komt ynkoarten ek wer út. As jim noch wat hawwe foar yn de Treffer dan graach dit wykein maile nei DeTreffer@vv-sds.nl!

Fuotbalkamp
Yn de earste wike fan de grutte simmerfakansje is der in fuotbalkamp yn Grou foar de jeugd. Je kinne je der foar opjaan oan ’t en mei 11 maaie. Jim kinne der hjir alles oer lêze.

Harsens derby (1496)
Dat is knap ynfallen!