SDS-feiling op 30 maaie!

Befrijdingsweppers
4 mei 2015
Weppers mei seleksjes
8 mei 2015

Op sneon 30 maaie organisere wy de grutte SDS-jûn! Dizze jûn is foar eltsenien dy ’t lid is fan SDS (A’s, B’s, froulju, senioaren, efkes bollers ensfh.), mar ek foar al ús stipers, supporters en wa ’t ek mar wat mei SDS hat, oftewol hiel Easterein, Wommels, Itens, Reahûs en omkriten. De hiele opbringst fan de jûn sil ten goede komme oan it nije keunstgersfjild.
Op dizze jûn fersoargje wy in barbecue, is der muzyk, de grutte SDS-ferlotting en in grutte SDS-feiling.
Wy hawwe ynmiddels ús earste feilingstikken binnen.

Wy hoopje hjir in protte jild mei binnen te heljen.
De earste feilingstikken binne al de muoite wurdich:

– In breedbyldtillevysje t.w.f. €400,- ter beskikking steld troch WD-Sat

– In dei te silen op it Iselmar mei de kapitein DJ van der Eems

– Túnoannimer Evert Tanja 8 oeren oan it wurk

– 1 minút fergees winkelje by de Jumbo


Dêrneist feile wy ek parten fan it nije keunstgersfjild:
– Middenstip
– 2x strafskopgebiet
– 4x kornerflagge


Der kin fanôf nije wike op dizze feilingstikken bean wurde fia de webside.
Op de jûn sels komt dan it einbod.

Letter mear hjir oer!