Utslaggen 9-5

Weppers mei seleksjes
8 mei 2015
Weppers moandei 11-5
10 mei 2015

SDS B2 – GAVC B2 (11.00)
útslach:  5-2

SDS 5 – WPB 4  (12.45)
útslach: 2-1
Doelpunten: Foeke Reitsma (syn earste yn in seniorenalvetal) en Ruun Ogoni, man fan de wedstriid troch in fantastyske goal

SDS MD2 – Warga-WWS MD 1  (14.30)
útslach: 2-2

Bant 1 – SDS 1(14.30)
útslach:  1-3
Doelpunten: Hendrik de Jong (2)  en Teun Heeres
Troch dit resultaat einigt SDS op plakje 8. Troch dizze lêste wedstriden binne Bant en sc Bolsward degradearre en dogge SVM en sc Joure mei oan de degradaasje wedstriden.
De tredde periode is nei WPB gien (fan herte lokwinske). De earste periode wie foar Nijland en wurdt oernommen troch DWP en de twadde periode wie foar Workum.

GietNetTroch
SDS VR2 – Zeerobben VR2

Efkes Balje (freedtejûn)
Mei jaloerske blikken hiene sommige spilers fan it Efkes Baljen hjoed nei it griene mar foaral moaie koarte gers yn Easterein sjoen. Yn Wommels wiene dan ek de lichte mantsjes yn it foardiel. Want it is no ien kear in kondysjeslach is foar de swierdere kanonnen at it gers twa kontsjesheech. It wie dan ek net frjemd dat Jesse de Vries as tige jeugdige gastspiler it net wit hoe faak trilje liet, wylst der allinne mar skoard wurde mocht troch in direkte bal.
It waard in slachtpartij. De hesjes wiene dúdlik net útdield rekken hâldend mei de gersomstannichheden. Oranje wurke hurd, krige ek in soad kânsen mar foar it doel wie it oersicht der net (altiten). Bij de gekleurden holden “swarte” Pieter en Jesse it fjild lang en dat wie in gouden set want der ûntsie in gouden koppel.
De krektfoarhealweinjoggenenklok makke in ein oan de grutte partij en mei goeie moed sette oranje oan mar wer  wiene it de oaren dy’t skoarden. De winnende wie ek noch wol in kopbal fan it mantsje fan twa turven heech nei in wurklik skitterjende foarset fan de earder neamde Pieter.
Gekleurden: Wouter H, Remco H, Theo P, Inne H, Johan H, Pieter V, Jesse de V
Oranje: Tjerk vd P, Ferrie K, Hendrikus T, Aant H, Henk P, Pieter de B,  Menno de V.
Aant