Weppers freed 9-10

Seleksjes sneon 10-10
9 oktober 2009
Krisis bij SDS 5
9 oktober 2009

SDS A1
De A-junioaren fan SDS fertrekke om moarn om 10.00 út Easterein foar harren wedstryd tsjin VC Trynwâlden A1.

SDS – Nijland-pool!
Yn gearwurking mei de wepmaster fan vv Nijland wolle wy graach wer in pooltsje opsette foar de derby fan sneon tusken SDS en Nijland. Mail ús de rêst- en einstân en wy binne benijd wa ’t der gelyk krije.
Mail ús jo foarsizzing! Mail nei
info@vv-sds.nl.
Wy hawwe ynmiddels al 16 foarsizzingen binnen.

  Wa? Rêststân Einstân
1 Sybren de Jong (IJVC)  1-1  3-1
2 Wichard Deinum  0-1  1-4
3 Lolke Hofstra  1-1  2-1
4 Tsjalling Sikma  1-0  1-0
5 Lolke Bouma  0-0  2-1
6 Popko Wijnia  0-1  1-3
7 Johan Feddema (ONT)  2-0  2-3
8 Hans Kooistra  0-2  1-5
9 Ate-Feike de Boer  0-2  2-3
10 Jaap Toering  1-0  2-0
11 Teade de Boer  1-2  3-3
12 Sjoerd van Beem  0-2  2-2
13 Marten van der Kamp  1-2  1-3
14 Bouke Poelsma  1-1  1-3
15 Willem Wijnia  1-1  2-2
16 Jappie de Boer  1-0  1-3
17 Dirk de Jong  0-1   2-1 
18 Hendrik “hâldt wol fan in gokje” Engbrenghof   2-0  0-2 

Foarsizzing (2)
Sûnt wy starten binne mei de SDS – Nijlân-pool hawwe wy it idee dat gokken op wedstriden it omkeapjen al wat yn de hân wurket:
D
ouwe Posthumus en Hans Kooistra komme tot de folgjende stân
0 – 2 ruststand
1 – 5 eindstand
Hat Douwe 1 – 6 op de slof dan sjit hy bewust mist sa seit hy.
Ek stiet Douwe foar 2 goals. In gleske bier foar my at him dat net slagget.
Groetnis mei ut namme fan Douwe.
Hans

Koai
Moarn by de wedstryd tusken SDS 1 en Nijlân wurde der fansels ek in bult supporters út Nijlân ferwachte. SDS is drok dwaande om alles op ‘e tiid klear te krijen om harren “gepast” te ûntfangen……………:
Kooi1
De koai moat allinnich noch blau ferve wurde……….

Musykles
Gearard Posthumus wist de hân te lizzen op de earste foto fan de Cambuurspilers op musykles:


ZDF?
Dit wykein is der gjin Eredivisie-fuotbal en it Nederlâns alvetal oefent “”Down Under”. Neat dus om waarm fan te wurden. Alhoewel, der is al WK-kwalifikaasjefuotbal. En yn inkelde poules stiet der ek noch wol wat op it spul. Nim b.f. Ruslân-Dútslân. Mocht Ruslân winne dan is der in kâns dat die Mannschaft takom jier net oan it WK meidocht. Lokkich genôch komt dizze wedstryd ek noch streekrjocht op de tillevysje. En ek noch wol om 17.00 oere. Soe de ZDF ek yn de kantine te ontfangen wêze??

“De moaiste hast-goals” (6)
De rigels fan it fuotbalspul feroarje noch wolris. Sa stienen je yn it ferline ek bûtenspul as je net tusken de lêste man en de keeper fan de tsjinstanner ynstienen, mar net oan it spul meidienen. De moaiste goal fan Kevin Keegan waard dan ek spitich genôch ôfkeurd: