Krisis bij SDS 5

Weppers freed 9-10
9 oktober 2009
Ut- en ferslaggen 10-10
9 oktober 2009

Lid
Yn de omkriten fan Easterein binne in man as tweintich wat âldere jonges (en ien jonge man: Hampie)  lid fan SDS om sneons fuotbalje te kinnen yn SDS 5. Dat is goed foar de sosjale kontakten, foar it lichem en tsjin de toarst. Dat fuotbal begjint it earste wykein fan septimber en op 10 oktober wurdt der normaal sprutsen foar de 6de kear fuotballe.

Stân fan saken
De stân fan saken oant no ta is dat dat der twa kear fuotballe is. Ien kear thús en ien kear yn Oentsjerk.

Net
Trije kear gie it net troch: troch in bui yn Ouwesyl, troch struktrueel te min spilers yn Frjentsjer en troch ferskowerij mei de wedstryd tsjin Foarút.

Tillefoan
At dan freed 9 oktober om goed 6 oere de tillefoan giet bij ien fan lieders, en it is immen út Ferwert dan witte je it wol hast: tsjinstanner Wardy bellet ôf. Temin spilers. Foar de fjirde kear dit jier giet it net troch!!!!

Ofbelje
Lieders Eddy en Aant hawwe yn dit gefal mar besletten om de mannen persoanlik ôf te beljen (foar sa fier se te berikken wiene). It oantal krêfttermen wat dan rjochting Ferwert en Ouwesyl, Fjentsjer en Foarút spuid wurdt giet elk foarstellingsfermogen te boppe. Swier, swier, swier teloarsteld basten sommige yn triennen út.

Slachtofferhelp
Der is ûnderwilens kontakt west mei slachtofferhelp. Spilers (of de froulju fan dy spilers) dy’t oan binne mei de sitewaasje jûn, fannacht en moarn kinne kontakt opnimme mei Slachtofferhelp.
Eddy en Aant sille sa gau as mooglik op in min-nijs-petear-kursus. 

Spagnetti
“Nije wikë de hiele wike spagnetti”, wie de konkluuzje fan Jacob. Koe moai wat jirpels meinimme út de bouhoeke wei en dat giet no oer.

Nije wike
Der is in hiele lytse kâns dat se nije wike sneon om 12.30 oere fuotbalje moatte. It stie nammentlik wol op it programma fan de KNVB, mar wat seit soks no noch…….

Oprop
Mochten jim sneon ferdwaasde SDS 5 spilers omrinnen sjen, haw dan begryp. Se binne te treasten mei in bierke. En miskien kin Scrum sneontejûn yn kafe Bergsma noch in diel fan it wykein goed meitsje.