Weppers freed 8-6-2018

Yndieling 2018-2019 JO17 en JO19
6 juni 2018
Sneon 9-6-2018 mei noch in kampioen
9 juni 2018

Noch ien wedstriid

Moarn is der noch ien wedstriid. De eare foar de lêste wedstriid  fan it seizoen komt ta oan SDS MO13-1.
Sij begjinne moarn mei in ranglist dy’t er sa útsjocht.

Dat betsjut dat er noch in feessie ynsit, at se winne of gelykspylje tsjin SJO DFC MO13-1. De wedstriid begjin om 9.30 oere. Dus allegear komme en de famkes efkes oanmoedigje, tochten wij sa….

Net mear op it keunstgersfjild

Fanôf 12 juny giet it keunstgersfjild ticht. Dan sil der grut ûnderhâld oan barre en sil it fjild in pear wiken ticht. Der kin dan net mear op traind wurde. Dêrneist is it sawisa net de bedoeling om bûten de wedstriden en trainingen op it fjild te kommen.

SDS-webside feilich

Mei tank oan 5-Online is ús webside no hielendal feilich. Dit is te sjen boppe-yn de adresbalke oan it slotsje. Dit is ien fan de ûnderdielien fan de nije AVG-wet wêr ’t wy oan foldwaan moatte.

 

Tongersdei 28 juny

Tongersdei 28 juny om 19.15 oere komme sawol SDS 1 as JO19-1 yn de kantine om yn de kunde te kommen mei Douwe Posthuma. Hy sil útlis jaan oer syn manier fan wurkjen en it programma fan de tarieding op it nije seizoen presinteare. Nei de byienkomst giet it grutte skerm oan en kin Engeland – België sjoen wurde.
Afbeeldingsresultaat voor voetbal tactiek bord

SDS 1 en JO19-1 yn nije sjurts

Sawol SDS 1 as de JO19-1 sille folgend seizoen yn nije sjurts fuotbalje. It doel is om yn sjurts mei koarte mouen te fuotbaljen. Dit is in dúdlike winsk fan de fuotballers. It doel is om op 28 juny de nije sjurts te passen om tot in goed beslút te kommen. Op de sjurts fan SDS 1 komt wer de namme fan haadstiper Van der Eems te stean en op dy fan de JO19-1 dy fan de nije stiper KICK-Jongenscoaching. It ûntwerp sil ûngefear wêze sa as hjir ûnder. De sjurts sille yn it echt wat strakker wêze.

De nije Treffer

Op it ein fan it seizoen komme wy altiten noch mei de ‘weromsjoch-Treffer’. Jim meie jim seizoensferslagen stjoere nei DeTreffer@vv-sds.nl. Graach foar kommende woansdei 13 juny! Wy hawwe al ferslagen fan SDS 2, 4 (is ûnderweis) en de JO19-1.

Fuotbalsjurtsjefreed

It is noch net sa fier mar op 29 juny is it wer VoetbalShirtVrijdag. Dat betsjut dat basisskoallebern oproppen wurde om allegear mei in fuotbalsjurstje nei skoalle te gean, in foto te meitsjen en dy te dielen op sosjale media. Hoe’t dat krekt sit kinne jim hjir lêze.

Panini WK 2018

Wat in WK sûnder Nederlân folle oantrekkelijker makket neist meidwaan oan de SDS WK-League is it sparjen fan Panini-WK-plaatsjes. Ien fan de wepmasters is hjir al oan ferslingere sûnt hy noch yn in pamper rûn. Hasto ek safolle dûbelen? Dan kinne wy moai ris efkes ruilje. Mail nei info@vv-sds.nl!

Afbeeldingsresultaat voor panini wk 2018 dubbelen

SDS WK league 2018


De oanmeldingen komme stadichoan binnen en it maksimum fan 50 sille wij seker wol helje. Dus wês der bij en ful dit formulier gelyk yn.

Harsens derby (2031)

Dit is krekt Pieter-Lieuwe! Elkenien útskeakelje sûnder oertreding te meitsjen. 😉

Letter miskien mear!