Sneon 9-6-2018 mei noch in kampioen

Weppers freed 8-6-2018
8 juni 2018
Weppers snein 10-6-2018
10 juni 2018

De lêste wedstriid

Hjoed wie de lêste wedstriid fan it seizoen 2017-2018.
Dy eare wie weilein foar SDS MO13-1.
De famkes fan SDS MO 13-1 mochten harren mei in gelykspul kampioen neame.
Mar se woene winne fan DFC MO13-1…. mei in soad publyk lâns de kant

Kampioen

It waard in gesellige boel op sportpark de Skoalleseize mei heiten, memmen, broerkes, suskes, pakes, beppes, in skoalmaster en oare supporters op dizze sneontemoarn.
Klokslach 9.30 giet it los en foar de letkommers wie dat ferfelend want binnen twa minuten lei it earste SDS doelpunt al yn it net. De famkes kombinearden der lustich op los en de 2-0 koe net útbliuwe. It oanfallende konsept fan SDS levere DFC MO 13-1 ek in pear kânskes op mar keepster Doutsen Porte stie in goed en oplettend potsje te keepen.
Ien kear moast se belies jaan. Nei de 2-1 waard it noch 3-1 foar de limonadestop.

Nei it skoft in selde byld mei noch folle mear kânsen foar SDS.
Twa doelpuntsjes waarden der noch makke en it feest koe los.

Einstân 5-1.

 

en davere it applaus net allinne fanôf de kant

Foarsitter fan jeugdôfdieling Tjerk van der Pol hie de tankbere taak de medaljes út te dielen

Foar de koaches en trainer in grutsk momint

Noch Efkes Balje

De meidieling op de wepside dat it keunstgersfjild nei moarn net mear brûkt wurde kin fanwege ûnderhâld die mannich leafhawwer besluten om noch efkes in mooglikheid te sykjen om efkes te baljen.
Dy leafhawwers troffen it, it Efkes Baljen stoppet nea en sa wiene der tal fan debutanten. No is Efkes Baljen normaal al fan in heech nivo mar troch de ynbring fan dizze meast jeugdige talinten komme je hast superlativen te koart om net ien te koart te dwaan.
Dat it gjin muzykfestival wie (wêr’t tsjintwurdich fuotbalsjurtsjes en moterjaske mei embleem net mear tastien binne), wie gelyk al te sjen. It wie in kleurryk gehiel.
De meast eachseardwaande sjurtsjes (foar de skriuwer fan dit stikje) waarden gelyk ôfdekt mei in oranje heske.
De partij soe los mei 8 tsjin 8, waard noch 9-9 en nei in foech kertier sels 10 tsjin 10.
20 man op in te lyts fjild en skoare út in pass dat wie it senario. Dat skoare út in pass is noch net sa maklik om te setten yn dieden. Meardere kearen koarte freugde at de tsjinpartij konstatearde dat it wer net sa wie.
Djiptepunten wiene der net (of ik wol se net neame), hichtepunten wol. Luuk van der Schaar skoarde prachtich efter syn steanfoet lâns en Kent van der Schaar kopte de gelykmakker prachtich binnen.
Doe’t de klok fan Easterein sa omtrint heal njoggen oere ien kear sloech wie it 6-6.
In moaie einstân foar beide ploegen om de finale hoapfol yn te gean. Twa winnende doelpunten dat duorret meast wol efkes mar dêr tochten de hesjemannen en mantsjes oars oer.
Yn gjin tiid hiene sij twa yn it net lizzen en soargen foar in tryst ein. Mar ja, rigels binne rigels, seker bij it Efkes Baljen.
Hesjemannen: Pieter, Luuk, Wierd, Lieuwe, Harm, Klaas, Folkert Rients, Syb, Kevin en Douwe Jan
De oaren: Sjirk, Dennis, Ferrie, Harrie, Remco, Tjitze, Kent, Robin, Anco en
Aant