Weppers freed 8-5

Weppers tongersdei 7-5
7 mei 2009
Seleksjes sneon 9-5
8 mei 2009

Tige slagge slotmiddei
De D, E en F pupillen hiene freedtemiddei harren slotdei. Der koe wer fan alles dien wurde: Yn in koai fuotbalje, op snelheid sjitte, foetfolley, puntensjitte en fansels penalty sjitte. Harm Jan Kamstra en Marten Faber moasten hiel wat kearen fiskje, want der waarden in oantal strafskoppen nommen dy’t echt net te hâlden wie.
Der bleaune fan alle kategorien ien winner oer: Wytze Yntema (F), Frank Bervioets (E) en Jelle Jan Visser (D).
Yn de finale waard Jelle Jan de winner en syn namme komt yn de wikselbokaal. Foto’s fan dit barren binne hjir te sjen.

B1
B1 moat
sneon tsjin RES B1 balje. It begjint om 14.30 oere en om 13.30 geane se fuort. En at de selde sjoffeurs ride kinne as fêststeld wie bij de earder útstelde wedstriid, dan kin der net folle mis gean, sa meldt ús Jan Rinse Blanksma

Earder
SDS 5 moat sneon net om 15.00 oere tsjin Berltsum 4, mar om 14.30 oere.

In poppe
 
Grytsje Meulenaar stie oan it begjin fan it seizoen noch bij de seleksje fan de SDS froulju. Wij begripe wêrom no
net mear: sij hat in poppe krigen: Anna Nynke. Fan herte lokwinske.

Jelle
Jelle de Boer hat dizze wike in oantal omliedingen krigen yn it sikenhûs fan Ljouwert. Nei omstannichheden giet it goed mei him. Wij sille sjen at wij syn krekt adres krije sadat wij him ferrasse kinne mei in kaartsje.