Weppers freed 8-3-2019

Weppers woansdei 6-3-2019
6 maart 2019
Sneon 9-3-2019
8 maart 2019

Tryst

Juster berikte ús it freselijke berjocht dat de heit fan ús jeugdleden Larissa en Philip Eupper stoarn is.
Wy winskje harren in hiel soad sterkte ta!
De flaggen sille by SDS sneon heal stok hingje en der sil gjin muzyk bûten te hearren wêze.

Giet net troch (g.n.t.)

Troch te min spilers by de tsjinstanner geane de wedstriden fan SDS JO15-2, SDS MO15-1 en SDS 3 moarn net troch. De wedstriid fan SDS Vr.1 giet net troch om ’t SDS te min hat. SDS 12-1 fuotballet net y.f.m. it ferstjerren fan Philip Eupper syn heit. SDS 2 giet net troch om ’t it B-fjild yn Jiskenhúzen te wiet is.

SDS 1 – Oudehaske 1

De nûmer 9 (SDS 1) tsjin de nûmer 11 trede om 14.30 oere oan yn Easterein. Dizze seleksje wurdt om 13.15 oere yn de kantine ferwachte:
De seleksje: 1 Jaap 2 Bauke 3 Jacob-Klaas 4 Marco© 5 Frank 6 Wierd 7 Habtamu 8 Pieter 9 Lourens 10 Erik 11 Matthijs 12 Jorrit 13 Wiebe
14 Jelmer 15 Hendrik

VVI 2 – SDS 2 g.n.t.

De striid fan de nûmer 11 tsjin de nûmer 7 (SDS 2) soe plakfine yn Jidskenhuzen om 13.30 oere, mar de wedstriid is ôflast……. It B-fjild yn Jiskenhúzen is sa min dat it no al ôflast is.

SDS 3 – Sleat 2 g.n.t.

Yn de reserve 5de klasse D doe de wedstriid tusken de nûmer 5 (SDS 3) en de nûmer 8 Sleat spile wurde. Spitich genôch hat Sleat te min spilers en giet de wedstriid net troch.

Sleat 3 – SDS 4

Yn Sleat kin Sleat 3 wol fuotballe (mei tank oan Sleat 2 😉 ) om 14.00 oere. Dit wurdt de striid tusken de nûmer 7 en de nûmer 3 (SDS 4).
De seleksje fan SDS 3:
[5-3 11:26] Jelmer Brouwer: Aan en kan rijden
[5-3 12:13] Doede Sijsling: Aanwezig
[5-3 12:17] Peter Stuiver: Aanwezig
[5-3 12:22] Steffen Jokertje: Aan ovb
[5-3 12:29] Allert Turksma: Aanw
[5-3 12:40] Arjan Hallama: Aanwezig
[5-3 12:51] Andries trekheak: Aanw
[5-3 13:01] Remon: Aanw. Ovb
[5-3 19:09] Sytse hibma: Aanwezig
[5-3 23:43] Klaas Bouke SDS: Aanw ovb werk
[6-3 11:25] Thomas (President): AanweZig #foutloos
Trv
Igor
Haije-Jan
Gertjan ovb

GAVC VR1 – SDS VR 1 g.n.t.

SDS Vr.1 hat wat lêst fan blessures en oare perikelen en hat moarn net genôch lju om fuotbalje te kinnen….

Standen

Hoe’t alle teams fan SDS der foar stean yn de kompetysje is hjir te sjen.

 

Letter mear!