Weppers woansdei 6-3-2019

SDS-League: ‘MarkEeltje’ pakt de wykpriis!
6 maart 2019
Weppers freed 8-3-2019
8 maart 2019

SDS 1 wint oefenderby mei 4-3

SDS 1 hat de oefenwedstriid tsjin vv Oosterlittens 1 juster mei 4-3 wûn. SDS kaam yn de earste helte op foarsprong troch goals fan Habtamu de Hoop, Lourens van der Pol en Marco Rijpkema (penalty). Tuskentroch makke Oosterlittens noch 2-1, mar by de rêst wie it 3-1. Yn de twadde helte makke op ‘e nij Marco Rijpkema der 4-1 fan út in penalty. SDS hold Oosterlittens noch efkes yn de wedstriid troch twa kear yn eigen goal te skoren. Jacob-Klaas en Marco wienen de makkers. It praat gie dat Jaap Toering by de lêste twa eigen goals al lang en breed op de goal op syn tillefoan Real Madrid – Ajax siet te sjen.

Knap

Yn de wedstriden makke SDS oant juster noch net safolle goals. Juster waarden úteinlik mar leafst 6 fan de 7 goals makke troch in SDS’er. Dat jout moed foar de kommende wedstriden!

Betterskip!

Lysanne Wiersma fan SDS Vr.1 is moandei oan har knibbel opereard. Yn de folgende Treffer kinne jim der alles oer lêze. Betterskip tawinske!

Real Madrid – Ajax yn de kantine

Mei tank oan buertferieing de Hofkesjongers koenen de fuotballers fan Littens en SDS nei de oefenwedstriid dochs it slot fan Real Madrid – Ajax noch efkes meimeitsje.

Net smoke by de doar!

Graach net smoke by de foardoar fan de kantine, mar efkes fierderop by de jisketegels. Sis mar wer oars de jiskebak altiten stie. Dit is wol sa noflik foar lju dy ’t net smoke en graach de kantine yn wolle.

Alderaardichst!

Harsens derby (2111)

‘Tikkie werom, Jaap!’

Letter miskien mear!