Weppers freed 8-1

Jûn SDS yn Midwintercup
6 januari 2010
Weppers sneon 9-1
9 januari 2010

Foarrondes Midwintercup
Jûn meie de mannen fan SDS 1 seal probearje om yn de finales fan de Midwintercup te bedarjen. Sy sitte allinnich al yn in drege poule mei sealhaadklassers ZVF en Golden Oldies en LSC, Zwaagwesteinde en Dronryp.
SDS sil mei de folgende minsken nei Frjentsjer:
Jaap, Feite, Tsjipke, Freek, Ruurd, Jildert en Willem. Tamme sil flagje. Hjir it programma:

Freed 8 jannewaris
SDS seal (Poule 13)(spylje op fjild 2 = yn ‘e midden)
18.45 uur Zwaagwesteinde – Golden Oldies –
19:00 uur LSC 1890 – ZVF –
19:15 uur Dronrijp – SDS zaal –
19.30 uur ZVF – Zwaagwesteinde –
19:45 uur SDS zaal – LSC 1890 –
20:00 uur Golden Oldies – Dronrijp –
20:15 uur Zwaagwesteinde – SDS zaal –
20:30 uur ZVF – Golden Oldies –
20:45 uur LSC 1890 – Dronrijp –
21:00 uur SDS zaal – ZVF –
21:15 uur Dronrijp – Zwaagwesteinde –
21:30 uur LSC 1890 – Golden Oldies –
21:45 uur ZVF – Dronrijp –
22:00 uur Golden Oldies – SDS zaal –
22:15 uur Zwaagwesteinde – LSC 1890 –

SDS 1 fjild útskeakele
SDS 1 is juster net trochgien nei de finales fan de Midwintercup. It skema wie wat feroare trochdat TFS der net wie. De wedstriden duorren dêrom net in kertier mar 20 minuten.
De earste wedstryd waard kreas mei 6-1 wûn fan Wardy. Tsjin Oeverzwaluwen stie SDS lang mei 1-0 foar troch in goal fan Jelmer Posthumus, mar de 11 krekt foar tiid wie in djoeren. Tsjin Minnertsgea wûn SDS knap mei 3-1 en der like neat oan de hân. SDS moast yn de lêste wedstryd tsjin Heerenveense Boys in punt pakke om troch te gean. SDS kaam al gau mei 1-0 foar, mar SDS koe it hege tempo fan de jonge Feansters net byhâlde. Mei namme de spits en de keeper wienen goed op dreef. SDS krige kânskes op 2-0, mar nei de 1-1 en de 2-1 wie it dien. It waard sels noch 3-1. Om ’t Oeverzwaluwen en Heerenveense Boys beide noch in kear fuotbalje moasten koe SDS noch trochgean. Ien fan beiden moast dan al punten lizze litte tsjin respektyflik Minnertsgea en Wardy. Dit barde spitich genôch net.

SDS froulju pakke punt
De SDS-froulju dienen foar de twadde kear mei oan de Midwintercup en dienen it net gek. Nei de earste 2 wedstriden krekt ferlern te hawwen mei 1-0 waard der sels in punt pakt. Yn de lêste wedstryd tsjin Asser Boys ferlearen de froulju úteinlik kansloos mei 7-0.

Goed nijs
Út betroubere bron hawwe wy fernaam dat der folgend jier lokkich genôch alwer in Midwintercup plakfine sil yn de Trije yn Frjentsjer. De KNVB sil it dan allinnich net mear organisearje.

Gjin snertrin
Beste minsken
It muoit us tige mar we hawwe beslúte moatten om de snertdravery foarofgeand oan de nyjiersresepsje sneon net troch gean te litten. It parkoers lit it net ta om hjir op in ferantwurde manier oer hinne te draven. De foarútsichten binne ek sadanich dat wy tinke dat der foar sneon gjin ferbettering yn de situaasje optrede sil. De resepsje gjit fansels wol troch. Jim wurde dan ek allegearre oankommende sneon fanôf  fjouwer oere ferwachte op de Skoalleseize. Under it genot fan in drankje en my musyk fan DJ Jan Bouke Bouma kinne we efkes noflik sitte. 
Nammens de aktiviteitenkommisje en it bestjoer fan SDS,
Oebele


Oerdroegen
Dames en heren,
Per heden heb ik het penningmeesterschap van SDS overgedragen aan de nieuwe penningmeester Baukje de Jong.
Haar adres is: van Eysingaleane 22, 8734 GD Easterein, telefoon: 0515-852400. E-mail:
baukje57dejong@hotmail.com
Dus voor alle financiële zaken kunnen jullie nu bij haar terecht.
Bedankt voor de plezierige samenwerking de afgelopen tien jaar en de beste wensen voor 2010.
Met vr. groet, Willem Twijnstra

Nuonballejonges
Dick attendearde ús noch efkes oop it folgende berjocht. Miskien is it wat foar in SDS-team?
Geachte heer, 
Het Nederlands elftal speelt dit jaar het WK van 2010 in Zuid-Afrika. Voorafgaand aan het WK speelt Oranje drie belangrijke oefenwedstrijden. Voor alle thuiswedstrijden zijn we samen met Nuon op zoek naar Ballenjongens (en meiden!).
Heeft u kinderen, buurjongens of meisjes, neefjes of nichtjes tussen de 12 en 16 jaar die bereid zijn heldendaden te verrichten om de bal weer in het veld te krijgen? Meld ze dan meteen aan voor het finaleweekend op
www.nuonballenjongens.nl
. Daarmee maken ze kans uitgenodigd te worden voor het finaleweekend en misschien wel als Ballenjongen tijdens een thuiswedstrijd!
De Nuon Ballenjongens krijgen vier extra kaarten voor de wedstrijd en voorafgaand aan de wedstrijd een VIP training en een rondleiding door het stadion. Allemaal aangeboden door Nuon als partner van de KNVB.  Een unieke ervaring voor de ballenjongens en hun gasten.
Namens het Nederlands elftal alvast hartelijk bedankt voor uw steun en enthousiasme. We hopen u terug te zien op één van de selectiedagen. En misschien zelfs samen met een Officiële Nuon Ballenjongen (j/m) langs de lijn bij één van de wedstrijden van Oranje.
Namens de KNVB en organisator Nuon,
Met vriendelijke groet,

30 april 2010
Op dy datum is it Oranjefuotbaltoernooi yn Warkum. It is foar D, E en F teams. Opjaan moat foar 15 febrewaris. Sjoch dit
struibriefke.

E1
Hiel sneu foar de spilers fan E1. Sij soene op 12 en 19 febrewaris yn de seal traine. Dat giet net troch, sadat sij dizze winter mar twa kear yn de seal traine kinne. Reden: keatstrainingen yn de seal.

Roekrock 2010
De rockers fan SDS wolle wy der efkes op wize dat de foarferkeap foar Roekrock 2010 ynmiddels begûn is. Roekrock fynt plak yn Weidum op sneon 6 febrewaris en as wy de promo leauwe moatte dan is it tige de muoite wurdich (sjoch hjir).

Harsens derby (105)
Cedric Mabwati spilet yn it belofteteam fan  Atletico Madrid. Dit koe wolris in topperke wurde: