Weppers sneon 9-1

Weppers freed 8-1
7 januari 2010
Weppers snein 10-1
9 januari 2010

Nijjiersresepsje
Om 16.00 oere is de nijjiersresepsje fan SDS. Mei muzyk fan Jan Bouke Bouma. De tradisjoniele snertrin kin net troch gean fanwege it waar en it parkour.

Gjin ferfolch
SDS seal hat sich justerjûn net pleatse kind foar de finales fan de Midwinterkup. Sij waarden efter ZVF en LSC tredde yn de poule. Omdat ek SDS-fjild en de Da1 harren net pleatse koene bliuwt it hjoed leech yn de Trije sûnder SDS fans.

SDS 1 seal net troch
SDS 1 seal is der juster dus net yn slagge om de folgende ronde fan de Midwintercup te heljen. Sy begienen mei in 2-0 oerwinning op Dronryp. Yn de twadde wedstryd tsjin LSC kamen sy al gau 2-0 efter. SDS kaam allinnich knap werom oan ’t 2-2, mar koe spitich genôch net mear winne. De wedstryd tsjin Zwaagwesteinde waard mei 2-1 wûn nei al gau mei 2-0 foar stien te hawwen. Tsjin ZVF waard mei 2-0 ferlern. SDS krige nei de 1-0 genôch kânsen, mar de lykmakker woe mar net falle en sa koe ZVF der yn de lêste sekonden noch 2-0 fan meitsje. De lêste wedstryd tsjin Golden Oldies waard noch knap mei 3-2 wûn nei in 2-0 efterstân. LSC moast hjirnei noch tsjin Zwaagwesteinde. De Snitsers wûnen dit mei 3-0 wêrtroch sy krekt in better doelsaldo hienen en mei ZVF nei de finaleronde gean. 

Traine
De A’s fan SDS sille yn prinsipe moandei harren earste training wer hawwe. Fan Lody meie sy yn elts gefal de draafskuon wol meinimme.
Floris

Vervolg Jeugdtraingen
Het was de bedoeling de jeugdtrainingen van A1, B1, C1, C2 en D1 m.i.v. volgende week weer te hervatten. Deze teams moeten 6 februari weer het veld in voor de competitie, sommigen al eerder i.v.m. inhaalwedstrijden. Het zal echter duidelijk zijn de omstandigheden thans deze hervatting niet toelaten. Ook is er geen zaaltijd beschikbaar als alternatief. We zullen dus eerst nog even geduld moeten hebben, de trainers wordt gevraagd zelf (mee) in de gaten te houden wanneer er weer getraind kan worden en dit dan bij de spelers bekend te maken.
De teams van D2 t/m de F – jes zullen m.i.v. week 6 (vanaf maandag 8 februari 2010) gaan trainen, hún competitie begint 6 maart weer. 
De SDS Jeugdcommissie.

Harsens derby (106)
Mei de Midwintercup bard der altiten wol wat nuvers. Ôfrûne woansdei moasten yn Ljouwert Avanti en Blija de lêste wedstryd yn de poule tsjinelkoar fuotbalje. Beide wienen al troch nei de finales en wa ’t de wedstryd wûn waard poulewinner. Om ’t de winner fan de poule op sneontemoarn de finales fan de Midwintercup fuotbalje moast en de nûmer 2 op sneontemiddei woenen beide ploegen eins leaver 2e as 1e eindigje yn de poule. Avanti tocht slim te wêzen en makke krekt foar tiid in eigen goal sadat Blija mei 2-1 foarkaam. De mannen fan Blija wienen noch slimmer en makken lyk hjirnei ek mar in eigen goal. Avanti hie gjin tiid mear om dit goed te meitsjen en it bleaun 2-2 en sa moast Avanti fannemoarn dus al los yn Frjentsjer………..

Harsens derby (107)
Doe ’t Scot Carson fan West Bromwich Albion fan ‘e wike yn de auto stappe woe nei de training skrok hy him de (snie)bulten: