Jûn SDS yn Midwintercup

Weppers woansdei 6-1
5 januari 2010
Weppers freed 8-1
7 januari 2010

Jûn sille wy sjen as der op de finaledei fan de Midwintercup kommende sneon yn Frjentsjer ek in ploech fan SDS meidwaan sil. De fjildfuotballers fan SDS en de SDS-froulju mei jûn de SDS-flagge heech hâlde. Moarntejûn binne de sealfuotballers oan de beurt.
De SDS-seleksjes fan jûn sjogge der sa út:

SDS 1 (fjild)

Jan-Simon Jelsma, Harm Stremler, Erik Haitsma, Jacob-Klaas Haitsma, Jelmer Posthumus, Skelte Anema en Tsjalling Sikma.

SDS 1 (froulju)
Coach: Sipke Hiemstra
Flagger: noch net bekind
Seleksje: Annewil Zijlstra, Marije Hiemstra, Nellie Stoffelsma, Sieta Tessemaker, Sjoukje Drost, Tessa Booms, Wiepkje Hiemstra en Wilma de Pundert.

It programma foar beide teams sjocht jûn der sa út:
Tongersdei 7 jannewaris
SDS 1 fjild   (Poule 9)       (spylje op fjild 1 = links)
18.45 uur Wardy – SDS za. –
19:00 uur Heerenveense Boys – Minnertsga –
19:15 uur Oeverzwaluwen – TFS za. –
19.30 uur Minnertsga – Wardy –
19:45 uur TFS za. – Heerenveense Boys –
20:00 uur SDS za. – Oeverzwaluwen –
20:15 uur Wardy – TFS za. –
20:30 uur Minnertsga – SDS za. –
20:45 uur Heerenveense Boys – Oeverzwaluwen –
21:00 uur TFS za. – Minnertsga –
21:15 uur Oeverzwaluwen – Wardy –
21:30 uur Heerenveense Boys – SDS za. –
21:45 uur Minnertsga – Oeverzwaluwen –
22:00 uur SDS za. – TFS za. –
22:15 uur Wardy – Heerenveense Boys –
SDS-froulju (Poule E)     (spylje op fjild 3= rjochts)
18.45 uur Balk – Dronrijp –
19:00 uur Lycurgus – SDS –
19:15 uur Asser Boys – GAVC –
19.30 uur SDS – Balk –
19:45 uur GAVC – Lycurgus –
20:00 uur Dronrijp – Asser Boys –
20:15 uur Balk – GAVC –
20:30 uur SDS – Dronrijp –
20:45 uur Lycurgus – Asser Boys –
21:00 uur GAVC – SDS –
21:15 uur Asser Boys – Balk –
21:30 uur Lycurgus – Dronrijp –
21:45 uur SDS – Asser Boys –
22:00 uur Dronrijp – GAVC –
22:15 uur Balk – Lycurgus –


Ynmiddels hawwe wy in pear útslagen fine kinnen fan de foarrondes.
Drs. Vijfje(winner yn 2008) is ôfrûne moandei ferrassend útskeakele troch Sint-Anne(sneins) en Exstador.
FVC giet ek troch nei de finaleronde. Sy gean troch tegeare mei Trynwâlden VC. Sy bleaunen moandei De Herauten krekt foar. Op de webside fan FVC is hjiroer in alderaardichst ferslach te lêzen fan (G)Rapke (klik
hjir).

Fansels fine wy it tige spitich dat it sneon de lêste kear is dat de Midwintercup spile wurdt. As wy oan de Midwintercup tinke dan tinke wy fansels altiten werom oan 2004:


Wy hoopje dat in soad SDS’ers jûn nei Frjentsjer ta sille om de SDS-manlju en -froulju oan te moedigjen.