Weppers freed 7-2-2020

SDS wurket gear mei sc Heerenveen!
6 februari 2020
Sneon 8-2-2020
7 februari 2020

Kin SDS de koprinner ek bedwinge?

Op it keunstgers yn Warkum spilet SDS 1 sneon om 15.00 oere tsjin de grutske koprinner  Workum 1.  Kin SDS stunte tsjin Workum of is in lykspul of oerwinning fan SDS 1 gjin stunt? Trainer Douwe Posthuma syn jierdei moarn soe der yn elts gefal in stik better om wêze.
De seleksje: 1 Jaap©, 2 Luuk, 3 Erik, 4 Remco, 5 Jelte-Pieter, 6 Gerwin, 7 Peter, 8 Wiebe, 9 Hendrik, 10 Matthijs, 11 Lourens, 12 Bauke, 13 Steven, 14 Habtamu en 15 Stan.

Kin SDS 2 trije punten meinimme út it konifearfrije Drachten?

SDS 2 moat sneon tsjin Drachtster Boys 3. De ploegen steane beide yn de middenmoat. Dat moat oars al trije punten oplevere tsjin in ploech dy’t 30 kear skoard hat en 30 doelpunten tsjin krigen hat. De seleksje: Stijn, Robin, Jildert, Jort, Jurjen, Jesse, Elger, Sjoerd de V, Arjen, Wesley, Ewout, Niels, Steven en Wietze. Sy wurde om 12.45 oere ferwachte.

SDS 4 wol thús skitterje op keunstgers

VV Heeg 3 wurdt sneon de dupe fan de diendendrang fan SDS 4. Sij spylje wer in kear en wolle harren sjen litte foar it eigen publyk op it keunstgers.
De seleksje: Allert, Tjeard, WiFi, Bouke, Doede-Rients, Jelmer P, Klaas-Bauke, Mark, Anne Stenekes, Inne, Halbe-Willem en Tom en miskien noch wol ien of twa.

Kin SDS 5 de nûmer twa op de ranglist op ôfstân hâlde?

SDS 5 hat 10 wedstriden spile en 30 punten. Better kin net. Sneon trede se oan tsjin de nûmer 2, sc Bolsward 5. Dy hawwe 6 punten minder mar skoarden wol 13 kear mear. Wurdt it in doelpuntrike wedstriid mei winst foar SDS 5?
De seleksje: Jentsje, Harm, Auke, Doede D, Feite, Gert-Jan, Jan-Simon, Klaas, Robert, Ronny, Syb, Tjeerd, Wichard en Michael.

SDS VR1 en SDS 3

SDS 3 is frij fan kompetysjeferplichtingen en SDS VR1 hat de wedstriid tsjin NOK 1 útsteld.

SDS seal

De jonges fan de seal moatte dizze wike op freedtejûn oan de bak. Yn Snits stiet ONS 5 jûn op harren te wachtsjen om 20.00 oere.

Traine

Woansdeitejûn traine de jonges fan JO17-2 en ek de fammen fan MO19-1. Traine is moai mar in partijtsje dwaan is noch moaier.  Dus wurdt it lêste diel fan de training de lêste wiken brûkt foar in partij tsjin elkoar.  De earste kear wûnen de jonges noch mei 1-0, de twadde kear bleaun it gewoan 0-0 en de jonges moatte dus de tredde kear freze foar in nederlaach?  Omdat de fammen ien minder hiene woe Rico Kupers wol op doel bij de fammen en dat wylst hij gewoanwei net op it doel stiet. Hij kearde de skotten prima en foar de fammen de held fan de jûn!

DWP 1 – SDS 1 1973

Sneon foar in wike kaam Omrop Fryslan yn de persoan fan Geart van Tuinen in reportaasje meitsjen by DWP – SDS yn Sint Jut. Geart van Tuinen wol sa it amateurfuotbal wer wat mear op de radio krije. Geart wie foaral nijsgjirrich nei de beslissingswedstriid DWP 1 – SDS 1 yn 1973 op it fjild fan Snits op jûntiid by keunstljocht. Dit wie om it kampioenskip yn de 1e-Klasse A fan de FVB en neffens de ferhalen kamen hjir sa ’n 1000 minsken op ôf. Jan de Jong wie yn Sint Jut en koe him der alles oer fertelle. Lústerje hjir fanôf 43.40 minuten.

Sint Nyk?

Wy binne benijd wêr ’t Anne Brouwer kommende sneon hinne rydt as SDS 1 út spilet yn Warkum. Wy gokke op Makkum……… Ferline kear namelijk doe ’t SDS 1 út nei DWP moast yn Sint-Jânsgea stie Anne mei de auto yn Sint-Nyk…… Syn praatsjes wienen der net minder om 😉 (lústerje hjir fanôf 50.30 minuten)

Start Poiesz-jeugdsponseraksje!

Kommende moandei 10 febrewaris oant en mei 5 april kinne wy wer drok munten sparje by de Poiesz foar de jeugd fan SDS.

Kondoleard

Ferline wike is de frou fan de Appelboer út Kûbaard, Annie Punter, stoarn. Wy winskje de neibesteanden in soad sterkte ta mei dit ferlies.

Derksen

It is hjoed al wer 12 jier lyn dat Johan Derksen op de sponser en freonenjûn fan SDS wie. It wie in prima jûn mei moaie (swartwyt) ferhalen. Wij fûnen noch noch twa nijsgjirrige oersichten dy’t wij him doe jûn hawwe as oantinken oan syn tiid bij Cambuur.
Wij neamden it de pluskes en de mintsjes 

Harsens derby (2207)

Ho!