Weppers freed 5-4

Weppers tongersdei 4-4
3 april 2013
Seleksjes sneon 6-4
4 april 2013

Efkes Balje
Fansels is der jûn Efkes Baljen. Dat giet ommers altyd troch ek al waait it wat hurd en komt de wyn fierstente lang út de selde kâlde hoeke. Om 19.30 en Theo nimt de kaai mei.

Foarút Vr 1 – SDS Vr2
Al wer teloarstelling bij Sanne Jorritsma: Sneon wer net fuotbalje, twittere sei justermiddei. Wij hawwe begrepen dat de oaren te min hawwe en dat de wedstriid nei in woansdeitejûn ferskood is.

SDS 4
Bij de seleksjes fan SDS 4 falt op dat de reis nei Skearnegoutum op de fyts of mei de auto giet. Wij binne hiel benijd en hope foaral dat wij in foto sjen litte kinne fan de fytsers.

Gjin doel
De keeper fan SDS 2, Sjoerd van Beem, is blesseard en koe juster net traine en kin moarn ek net keepe.
Dit SMS’te hy juster:
“Noch altiten lêst fan de ljisk, hat gjin doel sa………”
Lêst fan de ljisk en gjin doel? Dan kinne je as keeper hielendal wol ophâlde fansels…….

Harsens derby(996)
Blesseard efter de goal lizze en dan hurd it fjild yn as de eigen keeper omspile wurd. It levere dizze spiler 6 wedstriden skorsing op, gjin tsjingoal en in alderaardichst filmke:


Letter miskien wol mear!