Weppers tongersdei 4-4

Weppers woansdei 3-4
2 april 2013
Weppers freed 5-4
4 april 2013

“Moai dasto der bist, jong”
Ôfrûne sneon seagen wy in âlde bekende fluitsjen by SDS 4 – Lemmer 2. It wie Evert “moai dasto der bist, jong” Tanja. Wy hoopje him dit seizoen noch faker yn aksje te sjen.

Programma
Sneon wer in
hiel programma. Sjoch it al fêst mar troch en rekkenje der mar op dat alles trochgiet. Omdat ôflasse gjin sin mear hat.

SDS seal in kater
Tiisdei moasten wy balje yn Grou tsjin GAVC. We hiene 6 spilers; Johan H, Johan D, Hampie, Pieter, Hendrik en Theo. We misten 5!!! basisspilers!!! Jappie, Wichard, Klaas, Jacob en Willem koenen der om ferskate redenen net by weze.  It spul wie net goed, it tempo lei te leech en in soad balferliis. Der troch koe GAVC der in oantal kearen gefaarlik utkomme en skoare. Oer de wedstriid kin ik koart weze: In dikke oerwinning foar GAVC. It waard mar leafst 6 – 3. In kater, mar toch mar efkes in lekker gleske bier drinke  yn e kantine van GAVC. It earste runstje smakke hearlik, maar doe wy it twadde runtsje bestelle soene, wie it bier op, neffens us Ruskische gastfrou ut Hearrenfean, Olga Krasnapolsky. No binne de jongens van SDS 1 seal fansels echte sportmannen, mar se hiene  dochs noch wol sin oan in drankje. Dan mar oan e bearenburch/cola yn in blikje. Jo moatte dochs wat drinke. Mar nei ien runtsje fan dizze bearenburch/cola wie ek dat allegeare op. Hurd noch efkes in pear frikandellen bestelt (feste prik) en doe wer richting Easterein / Wommels.        It is te hoopjen dat we folgende wike wer kompleet binne en us alde nivo wer oppakke kinne.   
Theo
     

Treffers
SDS’ers dy ’t de Treffer altiten mei de post krije moatte noch efkes geduld hawwe. Wy hoopje dat sy de nijste Treffer nije wike yn de bus hawwe.

SDS-Poeisz-aksje
De SDS-Jumbo-aksje is dien, mar de SDS-Poeisz-aksje rint noch oan ’t en mei kommende sneon. Dizze wike dus noch efkes je dukaten ynleverje by de Poeisz yn Skearnegoutum(klik hjir). Yn de kantine stiet ek in pot wêr ’t jim se yn kwyt kinne.

Kampioen?
Boudewijn Kramer sjocht it wol sitten dat Ajax kampioen wurdt. Hy leit mei syn foarsizzing aardich op skema. Allinnich bliuwt PSV wat efter…….

Adreswizigingen
Geane je ferhúzjen, jou je nije adres dan efkes troch oan Tina Wiegers fia tillefoannûmer 0515-331365 of mail nei:
Ledenadministraasje@vv-sds.nl
It soe moai wêze as Arjan Posthumus dat ek noch efkes docht.

SDS League
Jûn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League fine. Ek leit der dan yn de kantine.

Harsens derby(995)
Twa jier werom fuotballe by SC Heerenveen Elyounoussi út Noarwegen. Wy binne der no efter dat sy doe dúdlik de ferkearde Elyounoussi yn hûs hienen: